NIJS   09-12-2014


Ynvestearje yn digitale helpmiddels Frysk

Driuwend ferlet by brûkers mobile apparaten

Annigje Toering 2012 05   

Bliuwend ynvestearje yn digitale helpmiddels foar it brûken fan it Frysk. Dat wol de fraksje fan de FNP berikke mei in moasje yn de Steaten fan 10 desimber. Soks is neffens de partij nedich om't de digitale ûntwikkeling mei de taal in bliuwende saak fan grut maatskiplik belang wurden is. Tink oan it Frysk op mobile telefoans, Apps, Office tapassings in the Cloud ensafuorthinne. Mei it jild foar aktuele staveringshifkers, oersetprogramma's en digitale wurdboeken foarsjocht de Provinsje yn in grut ferlet.

  

Annigje Toering, FNP wurdfierder Taal, Kultuer en Underwiis 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

Neffens de FNP kin it net mear ta mei tydlike projekten foar in nije staveringshifker of in oersetprogram. De partij freget de Provinsje om hjir fan takom' jier ôf struktureel jild yn te stekken. Wurdfierder Annigje Toering: ‘Wy sjogge dat der om de digitale ûntwikkeling mei de Fryske taal hinne in hiele kreative yndustry ûntstiet mei taalkundigen, programmeurs, ûntwikkelders fan digitale ûnderwiispakketten, oersetters yn ferskate talen en neam mar op. Kinst it fergelykje mei de ûntjouwingen mei it Serious Gaming foar medyske tapassingen.  Dat stypje wy ek fan herte; de struktuer fan ús ekonomy wurdt der sterker fan.'

 

In wurdlist en regels foar de taal binne de basis fan de nije digitale helpmiddels. De FNP konstatearret by it fêststellen fan dizze nije wurdlist / Grien Boekje foar it Frysk dat de ferzjes fan de programma's en bestjoeringssystemen elkoar allegeduerigen en yn heech tempo opfolgje. Tagelyk is der by brûkers driuwend ferlet fan aktuele ferzjes, ek foar mobile apparaten en saneamde ‘in the Cloud' tapassingen. De FNP leaut dêrom dat it nije Taalweb Frysk fertuten dwaan sil as it ek yn de takomst aktueel hâlden wurdt.

 

Annigje Toering tinkt dat it Taalweb Frysk bydrage sil oan it aktive gebrûk fan it Frysk. Benammen ek yn nije maatskiplike domeinen en beropsgroepen en by nije taalbrûkers, dêr't it skriftlike Frysk der op dit stuit net sterk foar stiet. Dit jildt neffens har útsoarte ek foar it ûnderwiis en de meartalige takomst fan ús jeugd. Troch in permaninte ynvestearring yn de digitale helpmiddels foar it Frysk wol de FNP mei soargje dat de Frysktalige mienskip meikomme kin yn de digitale maatskiplike ûntwikkeling en him hjirtroch ek fierder ûntjaan kin.



Downloads:
FNP-pvda-cda moasje ynvestearje yn digitale helpmiddels frysk


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer