De trije wurdfierders reagearje: ‘Der binne in soad ynwenners yn it feangreidegebiet dy't yn in hûs wenje mei skea oan de fundearringen. Wy fine it wichtich dat dy huzen wersteld en ferduorsume wurde. Us partijen hawwe no in plan wêrmei't wy dat moglik meitsje wolle.' It útstel wurdt yn de Steaten mei-yntsjinne troch yn alle gefallen it CDA en de VVD, dy't it plan foar in subsydzjeregeling stypje.
Plan fan de partijen
It útstel hâldt yn dat dupearren fia in subsydzje 40% fan de kosten foar werstel en ferduorsuming fergoede krije kinne oant in maksimum fan €40.000 ta. Dat jild komt út in subsydzjepot dy't fold wurdt mei ien miljoen euro. Dy pot wurdt fiif jier lang oan de ein fan it jier wer oanfold. De partijen hoopje dat ek it Wetterskip en de gemeenten yn it feangreidegebiet in ekstra bydrage leverje oan it fûns.
Wichtige oanfolling
It plan fan de partijen is in wichtige oanfolling op de útstellen fan Deputearre Steaten en it advys fan de fundearringstafel. De fundearringstafel is in ûnôfhinklike kommisje dy't yn opdracht fan de Steaten ynsteld is. Njonken de útstellen foar in Frysk fundearringsloket, it oanbieden fan in fundearringsûndersyk en it opsetten fan in mooglikheid om te lienen, bringt dizze subsydzje bewenners in flinke stap tichter by het werstellen fan de skea.