NIJS   08-11-2022


Ien miljoen euro foar MKB en ferieningslibben

De Steatefraksjes fan CDA, PvdA, FNP, VVD, D66, Steatelid Goudzwaard en de ChristenUnie freegje de provinsje om yn de begrutting fan it jier 2023 ien miljoen frij te meitsjen foar de enerzjy-problematyk. Dêrfan is 500.000 euro bestimd foar it MKB en 500.000 euro foar doarpshuzen en it ferieningslibben.

De yntsjinners wolle dat it jild ûnder oaren nei enerzjy-coaches giet. Dy binne der no allinne foar partikulieren en hierders. Mei harren ekspertize kinne sy ek it MKB, doarpshuzen en it ferieningslibben helpe om har pannen (fierder) te ferduorsumjen. Sa kinne de enerzjykosten yn de takomst matige wurde.

 

De enerzjy en gasprizen binne de ôfrûne tiid hiel hurd omheech gien en dêrtroch is de ynflaasje ek hiel heech. De hiele mienskip hat dêr lest fan. MKB-bedriuwen, ferieningen en maatskiplike organisaasjes binne wichtich foar de leefberens fan doarpen, stêden en foar de mienskip yn it algemien.

 

De ien miljoen euro moat bekostige wurde út de ekstra opbringsten fan Wynpark Fryslân. Dy opbringsten binne de hege enerzjyprizen folle heger as oarspronklik ferwachte. It foarstel wurdt woansdei 9 novimber by de Steategearkomste oer de begrutting besprutsen. 



Tags: Enerzjy en duorsumens, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer