![]() |
Anna Martha van der Mei fan Tsjom is hjoed ynstallearre as steatelid foar de FNP. Hja hat de Frysktalige ynstallaasjetekst fan de foarsitter beantwurde mei de belofte ‘dat ferklearje en ûnthjit ik'. Se folget Jan Visser op dy't om persoanlike redenen út de Steaten gong is.
Anna Martha van der Mei, Steatelid FNP Reaksje? Mail a.m.vandermeifryslan.nl
|
Van der Mei (40) nimt in soad politike en bestjoerlike ûnderfining mei. Sa wie se earder wethâlder fan de gemeente Menameradiel. Yn 2011 en 2012 wie se ek al steatelid foar de FNP en lid fan de Kommisje Lân, Loft en Wetter. Se nimt de portefúlje fan Visser yn syn hiele hear en fear oer mei dêryn romtlike oardering, wenjen, mynbousaken en wetterbelied.