Dat moat weromdraaid wurde, fynt de FNP. De beide saken binne unyk foar Fryslân, wichtich foar eigen ynwenners en it toerisme en dêrom binne hegere kosten net op syn plak.
De FNP fynt it algemiene prinsipe dat kosten dy't makke wurde troch de oerheid en dy't dan ferrekkene wurde fia leges wol goed. Mar neffens FNP-steatelid Sybren Posthumus ‘kin it net sa wêze dat kultureel erfgoed en Fryske sporten troch hiele hege kosten ûntmoedige wurde'.
Sa soenen de kosten op farwegen foar eveneminten as it skûtsjesilen (SKS en IFKS) ferdûbele wurde. Dat fynt de FNP fierstente rigoreus. Op de totale begrutting fan de provinsje Fryslân giet it mar om in lyts bedrach (€ 3000), mar foar de organisatoaren fan de eveneminten kin it krekt it ferskil wêze tusken al as net organisearje.
Yn bepaalde gefallen wurdt organisatoaren fan it waadrinnen ek in heger taryf yn rekken brocht. De FNP tinkt dat dat dêrnei trochberekkene wurdt oan de waadrinners sels.
Fierder wurde foar boargers de kosten fan it kopiearjen fan stikken op it provinsjehûs folle djoerder. Dêr't no yn de measte gefallen 5 of 10 sinten frege wurdt foar in kopy, wurdt skielk mar leafst 25 sinten de kopy frege. Dat is in ferheging fan leafst 150 oant 400 prosint. De FNP hat as prinsipieel stânpunt dat de ynwenners foar de demokrasy gjin kosten yn rekken brocht wurde meie.
Foar alle trije boppeneamde saken sil de FNP mei in amendemint komme op 28 novimber.