De Ried fan Steat hat hjoed útspraak dien yn de saak dy gie oer it Porthos-projekt, om CO2 op te slaan ûnder de Noardsee. Neffens de saneamde partiële boufrijstellingsregeling wie it sûnt july 2021 net mear nedich om by bepaalde aktiviteiten yn de bousektor de stikstofdeposysje ôfsûnderlik te beoardieljen. Dy regeling is no by de heechste rjochter ûnderút gien. Sa't de Ried fan Steat it útleit, is dat net allinne foar it grutte Porthos-projekt fan belang, mar ek foar hiel folle oare bouprojekten.
Sijbe Knol: 'Op ‘e nij is de regearing by de rjochter ûnderút gien. It sil net maklik wurde om út de stikstof-ympasse te kommen. De foarrang foar nije foarsjenningen as huzen, wegen, diken en enerzjyprojekten is der nei dizze rjochtlike útspraak net mear. Der binne gjin geitepaadsjes mear oer. En dêrmei ûntstiet in slach om de romte - wa kin aanst gebrûk meitsje fan de besteande stikstofromte? Wat foar provinsje wol Fryslân wêze?'