Goud fan Fryslân
De romte en it lânskip binne it goud fan Fryslân. Dêrom is der yn de provinsje gjin ferlet fan in Lelyline mei grutskalige wentebou. Wol is it wichtich foar de leefberens dat yn alle doarpen en stêden boud wurde mei. Alles nei aard, skaal en karakter. De FNP bliuwt tige kritysk op (fakânsje)wentebou yn de iepen romte.
Lânbouprovinsje
De Fryske lânbou is de grutste pylder ûnder it plattelân en rint foarop yn ‘e wrâld. Dat moat sa bliuwe. Yn 2019 stelde de partij fêst dat de lânbou fêstdraaide yn maksimalisaasje en regels. De FNP bliuwt har ynsetten foar in mear ekstinsive lânbou. Op basis fan reewilligens en mei stipe fan oerheid, finansjele sektor, tuskenhannel en konsumint. De saken moatte no goed regele wurde, sadat Fryslân de lânbouprovinsje fan Nederlân bliuwt.
Mienskip
Troch de ynset fan FNP binne der miljoenen ynvestearre yn doarpshûzen en moaie oare inisjativen út de mienskip. De partij wol dit suksesfolle belied in ferfolch jaan. Mei de klam op kânsen foar de jongerein en starters. Foar harren moat it plattelân oantreklik wêze om te bliuwen of om hinne te lûken. In spesjale deputearre foar de jongerein kin dit fierder stâl jaan.
Sporte is yn dit ferbân ek wichtich. De FNP wol dat alle jonge bern in jier lang fergees sporte kinne. It jild dat stutsen wurdt yn it oanlûken fan djoere hurdfytswedstriden kin better stutsen wurde yn Fryske sporten en ynfrastruktuer.
Fakminsken
Wat de ekonomy oanbelanget wol de FNP ynsette op it MBU. Der is in grut ferlet oan faklju en der moat mear wurdearring komme foar fakwurk. In soad ynstânsjes sykje handich personiel en liede minsken op. Mar de inisjativen binne fersnippere. Dêrom moat der yn Fryslân sa gau as mooglik in sintraal loket komme, as ûnderdiel fan ‘Fryslân Werkt'.
De FNP wol ek ta op in pool fan (pensjonearre) faklju, soarchmeiwurkers en hoarekaminsken. Soks kin tekoarten weinimme. Mei in app kinne fraach en oanbod byinoar brocht wurde.
De leden oan set
De leden fan de FNP kinne op 8 oktober noch wizigings oanbringe yn de tekst fan it program, dat dan op de ledegearkomste fêststeld wurde sil. Oanfollings en opmerkingen kinne maild wurde nei it FNP-Partijhûs: fnphusgmail.com. Graach yn in apart Word-dokumint, mei fermelding fan side en ûnderwerp. Wy fersykje de leden dat rom foar 8 oktober te dwaan, dan kin de programkommisje it ferwurkje foar de ledegearkomste.