Wêr is de NAM mei oan de gong?
Jochem Knol, út namme fan de seis partijen: ‘Wy freegje ús ôf wat de NAM
allegearre útspûket. De NAM ûndersiket de diskusje rûnom de gaswinning: wêrom
eins? Wat is de tafoege wearde dêrfan? Dêrnjonken sette Shell en ExxonMobil gasfjilden te keap:
wat is dêr de bedoeling fan? En: wa keapet dy gasfjilden (en de fergunningen om
dy te winnen)? Hoe foarkomme wy aanst skea by ierdgaswinning yn Fryslân en ûnder
de Waadsee?'
Ekonomysk belang liket te gean
boppe feiligens fan minsken
It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat (EZK) kriget foar de beslútfoarming
de advizen fan it Steatstafersjoch op de Minen (SodM), it KNMI en TNO oer de gefolgen
en risiko's fan gaswinning. Ut de ferhoaren troch de parlemintêre enkêtekommisje
kin ôflaat wurde dat advizen fan it SodM yn it ferline oan de kant reage binne
en ekonomyske belangen de oerhân krigen boppe de feiligens fan minsken. De advizen
dêr't de minister him op basearret binne dêrneist ek net lyklûdich. De partijen
freegje dêrom oan it kolleezje fan Deputearre Steaten: ‘Binne dy advizen foar
alle belutsenen iepenbier? As dat sa is, kinne jo dan oanjaan oft de advizen
lyklûdich binne en wat der krekt yn dy advizen stiet? Sa net, kinne jo der dan by
de minister fan EZK op oanstean dat dy advizen sa gau mooglik iepenbier makke wurde?'
Gasfjild by Ternaard ûnder de Waadsee
net ferkeapke
Ta einbeslút freegje de partijen oft it kolleezje fan betinken is dat op grûn
fan de besteande wet- en regeljouwing (lykas de Mynbouwet en/of de
Natuerbeskermingswet) it kabinet it gasfjild by Ternaard ûnder de Waadsee bûten
de ferkeap troch Shell en ExxonMobil hâlde kin. Jochem Knol, út namme fan de
seis partijen: ‘Wy fine dat der gjin fergunning ôfjûn wurde kin foar it gasfjild
by Ternaard ûnder de Waadsee. It ferkeapjen fan dat gasfjild makket dat noch yngewikkelder
as dat it no al is. Net dwaan, dus...'