NIJS   16-08-2022


FNP: gjin algemien swimferbod foar it Fryske wetter

Neffens berjochten yn de media soe it swimmen yn iepen wetter yn de takomst wol ferbean wurde kinne. In lanlike wurkgroep is dwaande mei nije oanbefellings, en út eangst foar oanspraaklikheid soene legere oerheden it frij swimmen yn iepen wetter wolris ferbiede kinne. De FNP wol gjin algemien ferbod en stelt fragen oan it kolleezje.

Yn in opiny yn de Ljouwerter Krante fan 15 augustus, skriuwe Kirsten van Santen en Elsje Jorritsma oer de oanbefellings fan de wurkgroep wyldswimmen dy't der oan sitte te kommen. In wurkgroep, opset troch it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en besteande út it RIVM, Rykswettersteat, gemeenten en wetterskippen, soe ein dit jier komme mei in ‘wegwijzer'.

 

Dêrmei kinne guon plakken feiliger makke wurde, mar op oare plakken wêr't dat net kin soe dan in swimferbod komme kinne. Van Santen en Jorritsma binne benaud dat de oerheden út eangst foar oanspraaklikheid de hjoeddeiske situaasje aanst feroarje sille; yn stee fandat it tastien is te swimmen salang't it net ferbean is, soe it dan allinne mar swommen wurde kinne op plakken dy't dêr foar oanwiisd binne.

 

De Steatefraksje fan de FNP wol witte oft it kolleezje fan Deputearre Steaten ek fan miening is dat de mooglikheid om yn it Fryske wetter swimme te kinnen, belangryk is foar de rekreaasje en dat ynwenners en oare rekreanten -benammen bûten de offisjele swimplakken - yn begjinsel in eigen ferantwurdlikheid hawwe en de mooglikheid hawwe moatte om sels de risiko's yn te skatten? 



Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer frysk swimwetter
Antwurdbrief ds oer frysk swimwetter


Tags: Thus yn Fryslan, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer