NIJS   30-06-2022


FNP hat noed oer unifoarme tapassing rekkenriden

Neffens berjochten yn de media sil der moarn yn de ministerried praat wurde oer wetjouwing oer it rekkenriden. Der soe yn hiel Nederlân ien unifoarm taryf per kilometer komme moatte, sa stie ek yn it koälysjeakkoard fan Rutte IV. De FNP Steatefraksje hat noed dat soks in soad ynwenners fan Fryslân ûnevenredich hurd reitsje sil.



De plannen fan it regear binne in útwurking fan de ôfspraak yn it koälysjeakkoard fan Rutte IV om no al wetjouwing fêst te stellen foar it rekkenriden en sille moarn yn de ministerried besprutsen wurde. It rekkenriden soe yn 2030 yngean moatte.

 

Yn it nije systeem sil gjin ûnderskied makke wurde tusken drokke en minder drokke wegen of tusken stedsk gebiet en plattelân. Neffens it AD tinkt men deroan om de ôfrekken te keppeljen oan de registraasje fan de kilometerstân by de APK keuring.

 

It doel is dus ien kilometertaryf foar hiel Nederlân. De FNP fraksje is benaud dat dit foarnimmen in provinsje as Fryslân ûnevenredich hurd reitsje sil. Us ynwenners binne hjir slim ôfhinklik fan de auto. Iepenbier ferfier stiet ûnder druk, linen binne útklaaid en de ôfstân tusken wurk en hûs is yn de regel yn Fryslân grutter as op oare plakken yn Nederlân. Der is in gebrek oan alternativen, en dan leit it foar de hân dat in unifoarme foarm fan rekkenriden neidielich foar Fryslân (en guon oare provinsjes) wêze sil.



Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer rekkenriden


Tags: Ferfier yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer