NIJS   19-12-2014


Help pake en beppe de fakânsje troch

Suksesfolle aksje Fryske musea stiet faai

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts     

De FNP wol dat de provinsje trochgiet mei de stipe oan de aksje ‘Help Pake en Beppe de fakânsje troch'. De Steatefraksje stelt hjir skriftlike fragen oer oan deputearre De Vries.

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Rekreaasje en Toerisme 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

De Fryske musea hawwe wakker sukses mei dizze aksjewike. Oant no ta hawwe yn Fryslân al 75.000 minsken gebrûk makke fan de oantreklike aksje. Bern kinne op fertoan fan har pake of beppe fergees mei it museum yn. De hiele jierlikse aksje, ynklusyf de oerkoepeljende PR aktiviteiten en de spesjale webside fan de Fryske Museumfederaasje, steane no faai troch in besuniging fan de provinsje.

  

Sybren Posthumus fan de FNP wol fan deputearre De Vries witte wat de reden is om der mei op te hâlden. ‘Krekt dy saken dy't de hiele aksje sa suksesfol meitsje driigje no te ferfallen. It giet om alle mienskiplike aktiviteiten fan de musea. Lykas de flyers foar it basisûnderwiis, de kleurplaten, de advertinsjes, TV-spotsjes en sosjale media. Nei 2015 komt ek de mienskiplike webside faai te stean hawwe wy begrepen.' De FNP wol dat de provinsje siket nei alternativen om dochs jild foar ‘Help Pake en Beppe' te finen, sadat de aktiviteit ek yn de takomst troch gean kin.



Downloads:
FNP skriftlike fragen - help pake en beppe de fakânsje troch
Antwurdbrief FNP fragen - help pake en beppe


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer