NIJS   14-06-2022


FNP: ynvestearje yn sichtberens Frysk en streektalen

De FNP Steatefraksje wol 7 ton ekstra ynvestearje yn de sichtberens fan it Frysk en de streektalen yn Fryslân lykas it Biltsk en it Stellingwarfs. De partij komt yn Provinsjale Steaten mei in moasje.

"Foarút buorkje mei 7 ton foar Frysk en streektalen" (Sijbe Knol)

De moasje freget út de algemiene middels foar 2023 en 2024 jierliks € 350.000, totaal € 700.000, beskikber te stellen foar Sichtberens Frysk en befoardering streektalen yn Fryslân. De FNP wol € 100.000 foar it Stellingwarfs, € 100.000 foar it Biltsk en € 100.000 foar de oare streektalen bestimme. De provinsje moat oanheakje by de besteande regelingen, stelt de FNP. De partij freget dit by de behanneling fan de Ramtnota begrutting 2023.

 

Praktyske suggestjes

 

Der sit no € 75.000 yn de regeling foar ‘sichtberens Frysk'. Gemeenten, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes kinne dêr in berop op dwaan. Mei it ekstra jild kin de provinsje in substansjele stap foarút sette, sa tinkt FNP wurdfierder Sijbe Knol: ‘Wy krije sinjalen út de mienskip dat der ferlet is. Mei in besteande subsydzjeregeling kin it allegear ienfâldich en flot begjinne. De Jongfryske Mienskip hat in boekje mei praktyske suggestjes oan de Steaten oanbean. Dêr soene gemeenten en oare oerheidsorganisaasjes gebrûk fan meitsje kinne.'

 

It útstel fan de FNP komt net út de loft fallen. Yn de Twadde Keamer hawwe de Fryske leden Van der Molen (CDA) en De Vries (VVD) op 9 desimber 2021 in moasje oer de sichtberens fan it Frysk yntsjinne. Dizze krige folsleine stipe fan de Keamer. As útwurking fan dizze moasje en fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023 hawwe it Ryk en de Provinsje Fryslân op 25 april 2022 in akkoart oangeande mear sichtberens fan it Frysk (‘Sichtberensakkoart') sletten.

 

Foarút buorkje

 

Mear sichtberens fan it Frysk, bygelyks op en yn gebouwen fan de Ryksoerheid yn Fryslân, is wichtich foar de emansipaasje fan it Frysk as Twadde Rykstaal. Dêrneist hawwe de Provinsje Fryslân en de Fryske (fusy-) gemeenten yn de ôfrûne jierren tal fan konvenanten sletten oer belied en útfiering fan de taalbefoardering. De Wet Gebrûk Fryske Taal 2014 jout oan dat al dy oerheden soargje moatte dat it Frysk foarút buorket.

De ekstra ynvestearring yn ‘sichtberens' soarget dat der foldwaande middels komme foar de útfiering. Dit jildt foar sawol it Frysk as de befoardering fan de streektalen yn Fryslân. Knol: ‘Mei trije ton earmerke jild foar it Biltsk, Stellingwarfs en de oare streektalen kinne der grutte stappen set wurde. It is goed dat ek dizze talen noch mear sichtber makke wurde yn de iepenbiere romte'. 



Tags: Frysk en Meartaligens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer