NIJS   10-06-2022


FNP ferbjustere oer lompe oanpak stikstof regearing

De regearing kaam hjoed mei syn plannen foar it oplossen fan de stikstofproblematyk, dy’t nije ûntwikkelingen yn Fryslân en Nederlân al trije jierren op slot set. Minister Van der Wal hat dêrmei in diktaat oplein om yn guon gebieten, ek yn Fryslân, de útstjit fan stikstof tusken 12% oant in persintaazje sels fan 95% of mear te beheinen.

"Wy akseptearje gjin diktaten" (Wopke Veenstra)

Gjin twongen ûnteigening
Dat sil in hiele grutte betsjutting hawwe foar Fryslân, benammen foar de agraryske sektor. Mei dy sektor is de provinsje al in skoft yn oerlis. Yn de gebietsprosessen mei de boeren, oare bedriuwen en de natuerorganisaasjes besiket it provinsjaal bestjoer om soarchfâldich goede oplossingen te betinken foar dat wêr't it om te dwaan is: minder belesting fan de natuer. Dat sa'n oanpak wurket, docht bliken út it feit dat fan alle provinsjes yn Fryslân de measte boeren meidogge oan it Agrarysk Natuer en Lânskipsbehear. Ek de frijwillige reduksje op in eilân as Skiermûntseach toant dat oan.

 

Dan is de lompe oanpak fan de regearing slim teloarstellend. De regearing docht it net mei de sektoaren, mar leit fan boppen ôf syn wil op. Dat helpt net om mei-inoar nei oplossingen te sykjen. De driging fan ûnteigening dy't boppe de merk hinget, sil net helpe by it finen fan oplossingen. Gelokkich hat ús provinsjebestjoer hiel dúdlik sein dat Fryslân dêr net oan meiwurkje sil.

 

De FNP sil stride foar it plattelân
De provinsjes wurde no mei in taakstelling troch it Ryk in gebietsproses ynjage en stean it kommende jier foaroan om alle krityk te ûntfangen. It sil alle oerlis dat yn Fryslân sa gewoan is en wie ûnder druk sette. Fan ‘e wike waard dat al dúdlik yn East-Stellingwerf. Wy ferwachtsje dan ek in striidfeardich provinsjaal bestjoer dat de striid oangean sil. In striid foar ús plattelân, ús lânskip en ús ûndernimmers.

 

De FNP stiet al in skoft op it stânpunt dat de agraryske sektor ta moat op in grûnbûne lânbou. Grûnbûn op basis fan reewilligens en op basis fan perspektyf. Dat moat in perspektyf wêze foar de hjoeddeistige famyljes, mar ek foar de famyljes fan de takomst. Wa hjoed hope hie op in fyzje oer de takomst fan de sektor, kaam ek fan in kâlde kermis thús. It brief fan minister Staghouwer kaam net fierder as algemienheden. Dat jout te tinken.

 

Wy akseptearje gjin diktaten
Wy geane in raar jier temjitte. In jier fan ûnwissigens foar de sektor, in jier fan striid binnen de gebietsprosessen. De FNP sil stride foar in leefber plattelân. In plattelân wêr't natuer en agrariërs net tsjinoer inoar steane. Nee, in plattelân wêryn't wy mei inoar noed steane foar de sektor en de natuer. Soks moat yn oerlis en net mei diktaten út De Haach wei.



Tags: Buorkje yn Fryslan, Natuer en lanskip, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer