NIJS   09-06-2022


FNP wol feilige rekreaasjefarwei nei Drachten

De FNP Steatefraksje hat fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de útkomsten fan it ûndersyk nei it ûntflechtsjen fan berops- en rekreaasjeferkear en it effekt dêrfan op de feiligens. Yn 2019 hie de fraksje foarsteld om de Ald Headamsleat dêrfoar op 'e nij befarber te meitsjen.

Op 27 novimber 2019 hat Provinsjale Steaten ynstimd mei de útwurking fan de Farwegenfyzje. Dêrby hawwe de Steaten ek ynstimd mei it fierder útwurkjen fan de maatregels foar de ferbettering fan de feiligens fan de farwei nei Drachten. De beslútfoarming dêroer stiet no foar 21 septimber op de planning fan Provinsjale Steaten. Mocht dan blike dat der gjin nije farwei troch de Hegewarren komt, dan is it foar de feiligens op it wetter namste wichtiger dat beropsferkear en rekreaasjeferkear op de besteande ferbining fia Earnewâld gau sa folle mooglik skieden wurde.

 

De fraksje fan de FNP hat yn 2019 frege om de mooglikheid fan in ûntflechtsjen fan it beropsferkear en it lytsere rekreaasjeferkear op de farrûte nei Drachten mei te nimmen yn it ûndersyk. Dêrby soe hiel konkreet sjoen wurde moatte nei it befarber meitsjen fan de rûte oer de Ald Headamsleat, mei in koarte trochstek troch de Hegewarren (sjoch kaartsje). It kolleezje hat tasein dat it dy punten meinimme soe yn de fierdere útwurking fan de Farwegenfyzje.

 

Dêrnei hawwe yn it gebietsproses mei de ynwenners en oare belutsenen oer de Hegewarren ferskate mooglikheden foar nije rekreative wetterferbinings troch de Hegewarren oan ‘e oarder west, mei of sûnder de oanlis fan in nije grutte farferbining troch de Hegewarren nei Drachten ta. Mei dy nije lytsere ferbiningen troch de Alde Feanen wurdt ek foarsjoen yn in alternative rûte foar rekreatyf ferkear om de beropsfarwei fan it Prinses Margrietkanaal nei Drachten ta (foar in part) te mijen.

 

Steatelid Wopke Veenstra: ‘Wy wolle fan it kolleezje witte oft it proses mei de ynwenners oanfoljende nije ynsichten oplevere hat oer wat de mooglikheden binne om it lytsere rekreaasjeferkear fan de beropsfeart te skieden. Dat is tige wichtich foar de feiligens op it wetter. Neffens ús soe dat fia de Ald Headamsleat kinne, mar miskien binne der ek oare opsjes. Mar dan wolle wy al graach witte wat de foar- en neidielen binne en op hokker termyn dy opsjes klear wêze kinne."



Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer rekreaasje-farwei
Kaartsje ald headamsleat
Antwurdbrief ds oer rekreaasje-farwei


Tags: Feangreide, Ferfier yn Fryslan, Rekreaasje en toerisme

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer