NIJS   23-05-2022


Slach om de romte: Fryske regy bliuwt nedich

De FNP yn Provinsjale Steaten wol dat Fryslân sels bepaalt hoe’t de provinsje der yn de takomst út sjen sil, wêr’t nije wenningen en wegen komme, hoe’t ús doarpen en lânskippen der aanst bylizze. Rutte IV tinkt der hiel oars oer: yn in brief oan de Twadde Keamer skriuwt it kabinet dat it in grutte ferbouwing fan Nederlân wol. It kabinet wol de regy op de romte nei him sels ta lûke en provinsjes, gemeenten en wetterskippen moatte meiwurkje. Sa net, dan sille se twongen wurde, sa liet minister Hugo de Jonge ferline wike witte.

Kabinet wol syn sin trochsette

Yn in brief dat it kabinet op 17 maaie oan de Twadde Keamer skreaun hat, stiet dat it Ryk de regy yn it romtlik domein oan him lûke wol. It kabinet wol in grutte ferbouwing fan Nederlân. Dy ferbouwing kin yngripende konsekwinsjes hawwe foar hoe't lânskippen, stêden en doarpen yn Fryslân der aanst út sjen sille. De provinsjes krije aanst de opdracht om de nasjonale winsken en belied yn te passen yn it provinsjale belied. Dat moat liede ta binende ôfspraken tusken Ryk en provinsjes, dy't al per oktober 2023 yngean moatte.

 

Foar in tal gebieten, wêrûnder yn Fryslân it saneamde NOVEX-gebiet Lelyline-Deltaplan, sil it Ryk sels de regy oernimme op de bestimming en ynrjochting. Dêrneist makke it kabinet yn it brief kenber dat it syn nasjonale beliedsdoelen sterker ferankerje wol yn binende regeljouwing en by it trochsetten fan syn plannen faker gebrûk meitsje wol fan twingende juridyske ynstruminten.

 

Fryske mienskip ûndergroeven

Krekt dizze wike wurdt yn de Fryske Steaten de provinsjale Omjouwingsferoardering behannele. Dy feroardering leit de regels fêst dy't jilde foar de fysike omjouwing, lykas by de romtlike oardering, wenjen, ynfrastruktuer, natuer en miljeu. It is de útwurking fan de Omjouwingsfyzje dy't twa jier lyn fêststeld is. Al mei al it resultaat fan in soarchfâldige proses fan ynspraak en partisipaasje mei ús mienskip, wêr't binnen ús provinsje jierrenlang oan wurke is.

 

FNP fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Yn Fryslân binne wy wend om by romtlike prosessen mei ús mienskip, mei gemeenten, Wetterskip en oare belanghawwenden de bêste oplossing foar ús provinsje te finen. Twingende yngrepen fan it Ryk fersteure dat soarchfâldige proses fan ynspraak en partisipaasje mei ús mienskip en ûndergrave de posysje fan ús provinsje en ús Fryske demokrasy.'

 

De takomst fan de romte yn Fryske regy

De Steatefraksje fan de FNP wol dat Fryslân oan it kabinet dúdlik makket dat de provinsje, yn oparbeidzjen mei de Fryske mienskip, sels prima yn steat is om te soargjen foar in goede romtlike oardering en foar it útfieren fan de romtlike opjeften dy't binnen ús provinsje spylje. Sijbe Knol: ‘De provinsje Fryslân kin best in bydrage leverje oan de grutte opjeften fan ús tiid, mar wol op ús eigen wize en binnen ús eigen kaders. It giet derom wat de ynwenners fan ús provinsje wolle. Dêrom wolle wy dat Fryslân sels de regy yn hannen hâldt.''



Downloads:
Moasje fryske regy


Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer