NIJS   08-01-2015


FNP: fragen oer sifers boaiemdelgong sâltwinning

Kin de sâltwinning ek stil lein wurde ?

 Anna Martha 2011 lyts  

Kin de sâltwinning ek stil lein wurde as Frisia oer de 27 sintimeter boaiemdelgong hinne giet? Dat freget de Steatefraksje fan de FNP him ôf yn skriftlike fragen oan Deputearre Steaten. Oanlieding is it ynrjochtingsplan foar de wetterhúshâlding yn Noardwest-Fryslân.  Dat moat oanpast wurde no't bliken docht dat der oare sifers brûkt binne as yn de fergunning foar de sâltwinning stiet. 

 

Anna Martha van der Mei

FNP wurdfierder Mynbousaken en Wetter

 

Reaksje? Mail: a.m.vandermeifryslan.nl 

 

 

FNP wurdfierder Anna Martha van der Mei ferwiist nei in brief dat de Steaten op 7 jannewaris oer de kwestje krigen hawwe. De plannen geane út fan 27 sintimeter boaiemdelgong wylst de Minister fan EZ en Frisia útgeane fan 30 sintimeter tastiene delgong yn de fergunning fan it sâltwinbedriuw. Van der Mei: "In maatskiplik akseptearre maatregelenplan wie dêrby in hurde betingst fan de Minister. Dat plan wie dus basearre op makismaal 27 sintimeter delgong. Leit de Minister de winning no stil at bliken docht dat it maatregelenplan sa net kin of troch de belutsen partijen yn de streek sa net akseptearre wurdt?"  

 

Van der Mei freget har fierder ôf hoe't it kin dat de flater mei de sifers no pas opmurken is. Se wol witte wat it Kolleezje fan DS docht om hjir mear dúdlikheid yn te krijen. De sifers binne troch Frisia sels oanlevere. Yn it brief stiet dat Frisia no ek wer it foartou hat yn in nij ûndersyk. Dat moat yn maart 2015 dúdlikens jaan oer de gefolgen fan de flater foar de besteande ynrjochtingsplannen. Van der Mei wol witte fan it Kolleezje wat hja yn de tuskentiid dwaan sille foar it gebiet. "It Kolleezje is ferantwurdlik foar in ôfwaging fan alle maatskiplike belangen yn it gebiet; hoe wurdt de provinsje no krekt belutsen by dat nije ûndersyk?"

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen oer sifers boaiemdelgong sâltwinning
Brief ds 7 jan 2015 inrichtingsplan franekeradeel-harlingen
Antwurdbrief oan FNP sifers boaiemdelgong sâltwinning


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer