Yn de wike dat de EU tradisjoneel de dei fan Europa op 9 maaie fiert en stilstiet by de Europeeske gearwurking, sil in delegaasje fan de FNP nei de jiergearkomste fan de European Free Alliance (EFA) yn Las Palmas de Gran Canaria. De FNP wie ien fan de oprjochters fan de EFA yn 1981. Yn it Europeeske Parlemint foarmet EFA mei de Grienen de fjirde-grutste fraksje.
Europeeske stipe socht
De FNP hopet op stipe fan de ledegearkomste foar trije moasjes. Sijbe Knol: ‘Wy hawwe soarch oer de oantaasting fan ús moaie lânskip en wolle dat der in bettere ôfwaging makke wurdt, bygelyks by de oanlis fan nije ynfrastruktuer. It lânskip is tige wichtich foar ús wolwêzen. Fierder freegje wy oandacht foar de feiligens fan it skipfeartferkear lâns de Waadeilannen, ek nei oanlieding fan de ramp mei de MSC Zoë. Dy slút ek hiel moai oan op in moasje fan ús susterpartij út Galicia, dy't noch hieltyd de konsekwinsjes ûnderfynt fan de oaljeramp dêr tweintich jier lyn de kust skansearre hat.'
Wouter Wouda, foarsitter en riedslid fan de FNP: ‘Wy freegje ek oandacht foar de drege finansjele situaasje fan de gemeenten yn ús lân. Dy drige finansjeel sa yn de knipe te kommen dat se allinne noch mar de taken fan it Ryk útfiere kinne. As riedsleden gjin kar mear meitsje kinne, wurdt de demokrasy yn de gemeenten útholle. De gemeenten yn Fryslân en Grinslân hawwe der al by it Ryk oer protest yntsjinne, en wy freegje no ek yn Europa stipe.'
Nij Europeesk bestjoer
Op it aljemint steane ek de ferkiezingen foar it bestjoer fan de EFA foar de kommende trije jier. De nije kandidaat foar de FNP, Frank de Boer, dy't hopet Olrik Bouma op te folgjen, is gjin ûnbekende yn Europa. De Boer hat in breed netwurk en hat jierrenlang de Europeeske taalminderhedenorganisaasje FUEN fertsjintwurdige yn Brussel en Straatsburch. Hy is ien fan de arsjitekten fan it Minority SafePack Initiative, dat de Europeeske Kommisje twongen hat om serieus te sjen nei de rjochten fan taalminderheden en lytse talen yn de EU.
Frank de Boer: ‘De wrâld is yn de ôfrûne twa jier in soad feroare. Europa sil nije wegen ynslaan moatte en sterker wurde moatte as in mienskip. Dêrby't sil de EU goed rekken hâlde moatte mei wat ús ynwenners yn de ferskillende regio's wolle. Der moat romte wêze foar ferskaat, mar moat der ek mei-inoar wurke wurde oan mienskiplike problemen. Ik hoopje dat ik fan de leden de kâns krij om binnen de EFA dêroan te wurkjen.'