NIJS   21-03-2022


FNP wol lânskipsfreonlik buorkjen stimulearje

Om lânskipsfreonlik buorkjen te stimulearjen, wolle de FNP-fraksjes yn Provinsjale Steaten en yn it Wetterskip dat de útsûnderingen yn it EU-lânboubelied foar wetterrike gebieten tapast wurde. Yn de nije regels stiet dat oan de rânen fan lânbougrûn in bufferstrook fan trije oant fiif meter net brûkt wurde mei. Krekt op boerelân mei weardefolle lânskipseleminten driigje boeren in soad teelbere opperflak te ferliezen.

De FNP is foar maatregels dy't goed binne foar ús natuer, lânskip, wetter en klimaat, mar is fan miening dat de regels net ûnnedich beheinend wêze meie foar boeren dy't al tûk en kreas buorkje of dwaande binne mei in omslach nei in duorsumere bedriuwsfiering. Dy kant moatte wy krekt út yn Fryslân.

 

Om yn oanmerking te kommen foar de subsydzjes út it Mienskip Lânboubelied fan de EU, moatte agrarysk ûndernimmers foldwaan oan de saneamde kondisjonaliteiten (GLMCs). Dat binne easken om boeren te beleanen foar maatskiplike tsjinsten en dêrmei ta te wurkjen nei doelen op it mêd fan natuer, lânskip, wetter en klimaat.

 

Yn it nije belied wurdt foarskreaun dat by ekologysk kwetsbere wettergongen in bufferstrook fan 5 meter tapast wurde moat dêr't gjin nutriïnten en beskermingsmiddels brûkt wurde meie. By oare wettergongen is dat in strook fan 2 meter. Benammen op boerelân mei histoaryske eleminten lykas sleatten en weardefolle lânskipseleminten (beamwâlen en -singels, feangebiet) driigje boeren troch de regels relatyf folle mear teelbere opperflak te ferliezen dan har kollega's dy't op nij ferkavele stikken lân buorkje.

 

Steatelid Wopke Veenstra: ‘It kin net sa wêze dat dejingen dy't tûk en kreas buorkje en goed op it lânskip passe no in soad teelber opperflak ferlieze. Al hielendal net as der útsûnderingen mooglik binne binnen it EU-belied.'

 

It nije EU-belied jout de mooglikheid om ôf te wiken fan de brede bufferstroken, as dat yn it spesifike gefal ferantwurde is. De minister wurket op it stuit oan in leidraad, dy't wetterbehearders brûke kinne. Yde Dijkstra, AB-lid fan it Wetterskip: ‘wy wolle dat it Wetterskipsbestjoer hjir mei faasje mei oan de slach giet. Us boeren moatte foar it yngean fan it nije EU-lânboubelied witte wêr't sy oan ta binne.



Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer lânskipsfreonlik buorkjen
Antwurd op FNP fragen lânskipsfreonlik buorkjen


Tags: Buorkje yn Fryslan, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer