![]() |
Fotoferslach FNP wurkbesite Eastersee en Ychten
Der kin yn it feangreidegebiet in oplossing bean wurde foar de minsken dy't fundearringsskea hawwe troch it sakjende wetterpeil. De FNP tsjinnet dêrta yn Provinsjale Steaten in moasje yn. De FNP freget yn de moasje om de ‘pealrot' yntegraal mei te nimmen yn de útwurking fan de feangreidefisy per dielgebiet.
Anna Martha van der Mei FNP wurdfierder Mynbousaken en Wetter
Reaksje? Mail: a.m.vandermeifryslan.nl |
FNP wurdfierder Anna Martha van der Mei tinkt dat de oplossing tichter by komt troch yn de plannen per dielgebiet troch de streek droegen maatwurkoplossingen te betinken. ‘It sterke fan dizze oanpak is dat sawol de boeren as de partikulieren mei skea hjir no om freegje. Ek it Wetterskip hat der belang by. As huzen ien kear op betonnen peallen stean, kinne guon heechwettersirkwy's wer ferfalle. Dat skeelt jild en makket it wetterbehear yn it gebiet ienfâldiger'.
De feangreidefisy seit op dit stuit net folle oer de oplossing fan de fundearringsproblematyk. Neffens de FNP kin dit lykwols net los sjoen wurde fan de feroarings yn it wetterpeil yn it feangreidegebiet. De pealrot moat neffens Van der Mei dêrom yntegraal meinommen wurde yn it pakket fan maatregels. Dat is ynklusyf it kostenplaatsje. ‘Wat wy mei-inoar besparje oan ienfâldiger wetterhúshâlding, soest wer yn nije fundearrings stekke kinne. En foar de boeren komt der wer mear romte foar de winske ûntwikkelings yn it gebiet.'
FOTOFERSLACH
De moasje fan de FNP is mei ynjûn troch in wurkbesite fan de Steatefraksje mei de Wetterskipsfraksje oan it feangreidegebiet (Ychten, Eastersee en omkriten).
![]() |
Foar ien fan de slim oantaaste pleatsen yn Ychten
|
![]() |
Jan van der Kooi wiist oan dat it meanfjild in heale meter sakke is. De fundearring komt foar waar en wyn bleat te lizzen, houten peallen steane droech en de koppen ferrotsje.
|
![]() |
Troch de ûngelikense sakking wurde de krêften te grut en komme der skuorren yn it mitselwurk.
|
![]() |
De FNP-ers sjogge hoe't ek it dak syn foarm ek hielendal ferliest om't it byntwurk op klippen ek ûngelyk weisakket.
|
![]() |
Resultaat fan de ûngelikense sakking fan it byntwurk en de gevel oan de sydkant boppe de doarren.
|
![]() |
Alles moat hielendal op'e nij fundearre en opmitsele wurde, wie de konklúzje fan de boukundige adviseur.
|