Op de njoggende Europeeske Top fan de Steden en Regio's giet it om de takomst fan Europa en it plak fan de regio's dêryn. Politisy út hiel Europa prate mei-inoar: boargemasters, steateleden, mar ek nasjonale ministers, premiers en Europeesk kommissarissen binne nei de havenstêd oan de Middellânske See kaam. As ien fan de 160 Young Elected Politicians yn Europa, is Sijbe Knol ien fan de dielnimmers oan de konferinsje.
De oarloch yn Oekraïne leit spitich genôch in grut skaad oer de Top. De dei begûn fan ‘e moarn mei in minút stilte. De foarsitter fan it Komitee fan de Regio's, de Gryk Apostolos Tzitzkikostas hat it earelidmaatskip fan it Komitee fan de Regio's oanbean oan Vitaly Klitsjko, de boargemaster fan de stêd Kiev.
De 160 Young Elected Politicians hawwe ûndersteande deklaraasje oannaam, wêryn't se de ynvaazje fan Oekraïne feroardiele.
Deklaraasje fan de Young Elected Politicians fan de Europeeske Uny oer de ynvaazje fan Oekraïne
Wy, de Young Elected Politicians, dy't de steden en regio's fan de Europeeske Uny fertsjintwurdigje, feroardiele sterk de Russyske ynvaazje yn Oekraïne, dy't stipe wurdt troch Belarus. Wy wize it gebrûk fan geweld ôf en werhelje ús ynset foar frede en ienheid. Wy binne ienriedich tsjin elke foarm fan ûnderdrukking, en feroardiele elke hanneling dy't de rjochtssteat ûnderstek docht. Us steden en regio's yn East-Europa stean yntusken foar in humanitêre krisis. Hast ien miljoen flechtlingen sykje in plakje om te skûljen yn de Europeeske Uny. Wy sette ús yn om help te bieden en stipe te jaan oan ûnskuldige boargers dy't troch it konflikt har thús ferlitte moasten. Wy stean efter it beslút fan de Feriene Naasjes om op te roppen fuortendaliks in wapenstilstân yn te stellen en om de Russyske troepen werom te lûken, sadat fierder bloedferjitten ferhindere wurdt. As jonge minsken dy't fan ús pakes en beppen de skiednis fan de Europeeske oarloch trochferteld krigen hawwe, binne wy ferantwurdlik foar de takomst fan ús kontinint en foar it bouwen oan ienheid yn ferskaat!
Declaration of Young Elected Politicians of the European Union on the invasion of Ukraine
We, Young Elected Politicians, representing the cities and regions of the European Union, strongly condemn Russia's invasion of Ukraine, with the support of Belarus. We reject the use of violence and reaffirm our commitment to peace and unity. We stand united against any form of oppression, and denounce any act undermining the rule of law. Our cities and regions in Eastern Europe have been facing a humanitarian crisis. Almost one million refugees are seeking shelter in the European Union. We are committed to providing aid and support to the innocent civilians displaced by this conflict. We stand with the decision of the United Nations to call for an immediate ceasefire and withdrawal of the Russian forces from Ukraine to avoid any more bloodshed. As young people who have inherited our grandparents' history of European war, we are responsible for the future of this continent and building unity in diversity!