Provinsjale Steaten hawwe op 10 desimber in brief krigen oer de regelingen binnen it provinsjale koroana-stipepakket No en Moarn. Dêrút docht ûnder oaren bliken dat it budzjet fan de stiperegeling fan ‘500 euro projekten' (oardel ton) skjin opbrûkt is. Lytse maatskiplike inisjativen hawwe it jild graach brûkt. Dat komt mei troch de lege drompel om oan te freegjen, en om't der net folle burokratyske omballingen wiene. Op oare ûnderdielen binnen it ‘No en Moarn-pakket' is lykwols jild oer. De FNP merkt dat der grut ferlet is by minsken om elkoar wer te moetsjen, ek al is it yn in lytse setting. It provinsjale jild fan de ‘500-euro regeling' kin dêrby helpe.
Van der Mei stelt fêst dat it Kolleezje besjocht hoe't ferskate No en Moarn regelingen yn 2022 fuortset wurde kinne. Bygelyks de Subsidieregeling 'Verblijf en groepsexcursie 2021' stelt de Provinsje wer iepen oant 1 april 2022. ‘Oer de lytse maatskiplike inisjativen bliuwt it wat faach. Wylst dy ‘500-euro regeling' no krekt sa'n sukses wie. Mar der is noch jild oer en in besteande regeling kinne je sa wer iepen stelle. De mienskip hat it tige dreech hân de ôfrûne tiid, en noch. De FNP wol lytse maatskiplike inisjativen mei dit jild foar 2022 op'e nij in triuwke yn de rêch jaan.'