NIJS   29-12-2021


FNP solidêr foar behâld hertsjirurgy UMCG Grins

Mei in hiel soad oare partijen tidiget de FNP op it behâld fan de spesjalisearre hertsjirurgy foar bern en oaren op it UMCG Grins. Wy fine it net akseptabel as dat fanwege effisjinsje-oerwagings ferdwine soe nei de Rânestêd.

"Tekenje no de petysje UMCG (kind) hartcentrum" (Sijbe Knol)

De FNP hat in brânbrief mei ûndertekene oan de demisjonêre minister fan VWS om it foarnommen beslút werom te draaien. De FNP is fan betinken dat beskikberens en berikberens fan de soarch foar de regio like wichtich binne as kwaliteit. Der moatte grinzen steld wurde oan de aloan fierder geande trend fan opskaling en sintralisaasje allinnich om kosten te besparjen, yn Fryslân mar like goed yn it hiele noarden, sa fynt de partij. Wurdfierder Sijbe Knol op Twitter: 'Lit Grinslân, Drinte en Fryslân in fûst meitsje'.

 

In petysje op ynternet is ûnderwilens al hast 200.000 kear tekene. Wat soe it betsjutte as bern, harren âlders en oare belutsenen aanst foar alle ôfspraken, kontrôles en operaasje nei Rotterdam of Utert moatte? Neffens de lêste berjochten fan de regionale omroppen sil it UMCG yn jannewaris om'e tafel mei de minister om oer it omstriden beslút te praten. Lykas alle belutsen pasjinten, ûndertekeners fan de petysje, politike partijen en bernedokter Eduard Verhagen fan it UMCG tidiget de FNP der op dat it plan dan werom draaid wurdt. 

 

 



Downloads:
Brânbrief hertsjirurgy umcg


Tags: Soarch yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer