NIJS   19-01-2015


FNP moasje Rûnwei Warns yn Steaten en Ried Súdwest-Fryslân

Definitive oplossing frege healwei 2015

verkeer in 60km zone   

'In ein meitsje oan jierrenlange oerlêst en ferkearsûnfeiligens.'

 

De FNP tsjinnet fan'e wike sawol yn Provinsjale Steaten as yn de Ried fan Súdwest-Fryslân in moasje yn foar in rûnwei by Warns. De partij wol dat de Provinsje mei de gemeente healwei 2015 mei in definitive oplossing komt ynklusyf finansjele dekking. Mei de nije rûnwei moat in ein komme oan de jierrenlange oerlêst en ferkearsûnfeilige sitewaasje.

 

Provinsjaal FNP fearkearswurdfierder Auke Bijlsma  tinkt dat de oanlis fan de nije wei bydrage sil oan in better wen- en leefklimaat yn it doarp. It moat ek in oplossing jaan foar it hieltyd swierdere bredere en langere frachtferkear rjochting Starum. "Dizze ûntsluting nei Starum hat in provinsjaal ynfrastruktureel belang."

 

FNP riedslid Jelle Gerbrandy: "Dit knipepunt kin allinnich troch de gemeente tegeare mei de Provinsje oplost wurde. Ferwachte wurdt dat it ek fertuten docht foar de ûntwikkeling fan it toerisme yn de omkriten. Ek it grutte lânbouferkear kin aanst bûten de Buorren om. It soe de kroan op it wurk fan de pleatslike wurkgroep ‘Gebiedsontsluitingsweg N359' wêze."

 

 

Reaksje?

Mail Auke Bijlsma, FNP wurdfierder Ferkear en Ferfier yn PS: a.bijlsmafryslan.nl

of Jelle Gerbrandy, FNP wurdfierder yn de Ried fan Súdwest-Fryslân: jelle.gerbrandyfnp.frl



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer