Yn fjouwer panels sille fertsjintwurdigers fan FNP en SSW mei inoar it debat oangean, folge troch fragen en diskusje mei de seal. De minsken dy't de live-stream folgje hawwe ek de gelegenheid om fragen te stellen.
It earste panel sil gean oer it politike stelsel yn de beide lannen en hoe't de diskusje oer it dielnimmen oan lanlike ferkiezingen binnen de partijen troch de jierren fierd is. Hoe komt it dat de SSW besletten hat om dit jier mei te dwaan, foar it earst sûnt 60 jier? Dat wurdt folge troch in panel mei SSW-Bundestagslid Stefan Seidler en FNP-lieder Sijbe Knol oer de tema's dy't je kieze moatte as in regionale partij. En wat kin Seidler leare fan de ienmansfraksjes yn de Twadde Keamer? Yn it tredde panel wurdt út de doeken dien hoe't de SSW syn kampanje oanpakt hat. Ta beslút wurdt der sjoen nei wat de ferkiezingskampanje de SSW brocht hat en besykje wy lessen te lûken en parallellen te finen.
De konferinsje is op sneontemiddei 20 novimber fan 14:00-17:00 oere yn Breklum (Sleeswyk-Holstein) en wurdt live-streamd fia de sosjale media fan de FNP. Fan 17:00 oere ôf is der spesjaal foar de media gelegenheid om ien-op-ien fragen te stellen oan wurdfierders fan FNP en SSW.
Wy soene it tige op priis stelle as jo yn it foar oanjouwe as jo komme of (tillefoanysk) gebrûk meitsje wolle fan it parsemomint. Dat kin fia fnpfryslan.frl.
FNP - Fryske Nasjonale Partij SSW - Südschleswigsche Wählerverband
Oprjochte yn 1962 Oprjochte yn 1948
650.000 ynwenners fan Fryslân 50.000 Denen en 50.000 (Noard-)Friezen
Sûnt 2011 yn regearing Fryslân Tusken 2012-2017 yn regearing Sleeswyk-Holstein
Yn Bundestag sûnt 2021 (1 sit)
De konferinsje wurdt mei mooglik makke troch de stipe fan de European Free Alliance (EFA), de Europeeske partij dêr't FNP en SSW beide by oansletten binne.
Dit projekt hat finansjele stipe ûntfangen fan it Europeesk Parlemint . De ynhâld fan it projekt/evenemint binne de ferantwurdlikheid fan FNP, SSW en EFA, en it Europeesk Parlemint kin net oanspraaklik steld wurde foar wat gebrûk dan ek fan de ynformaasje dy't dêrbinnen útwiksele wurdt.