NIJS   16-11-2021


FNP stelt Nederlânske regear yn fersom om Frysk

De FNP stelt it Nederlânske regear formeel yn fersom (‘in gebreke') om't in part fan de Wet Gebrûk Fryske Taal noait offisjeel yn wurking set is. It giet om it artikel dat yn de prosessen ferbaal fan de rjochtbank alles ek yn it Frysk opskreaun wurde moat sa't it yn it Frysk sein is. De FNP hat de ynfersomstelling yntsjinne mei in brief oan de ministers Dekker foar rjochtsbeskerming en Grapperhaus fan justysje.

"Frysk skriuwe wat yn it Frysk sein is" (Sijbe Knol)

Minister Dekker hat okkerdeis yn de Twadde Keamer (kommisje fan 30 septimber) ferklearre dat hy fan betinken is dat der de mooglikheid wêze moat om jins saak yn de Fryske taal te bepleitsjen, dat dat goed regele wêze moat, dat hy dêr ferantwurdlik foar is en dat hy der foar stiet. De minister soe sinjalen krigen hawwe dat dit regele wurde kin. De FNP sprekt him hjir no op oan en ferget it regear ‘binnen in ridlike termyn' fan 6 moannen de wet dan ek op it stik fan it Frysk yn de prosessen ferbaal yn oarder te bringen.

 

Sijbe Knol: ‘It oanbelangjende nije artikel 14 is noait offisjeel yn it Staatsblad kaam. By it oannimmen fan de Wet yn 2013 hat de regearing fiif jier útstel krigen om te oerlizzen mei de rjochterlike macht. Yn 2019 hie dat klear wêze moatten. Mar ryk, rjochtbank en provinsje binne no noch hieltyd mei in soarte fan nulmjitting dwaande. Hoe't it der no echt foar stiet mei it skreaune Frysk yn it rjochtsferkear is noch noait mei hurde sifers oantoand. In útfieringsplan is der ek noch hieltyd net.'

 

Neifraach yn it juridyske wrâldsje yn Ljouwert leart dat wat by de rjochtbank en it gerjochtshôf yn it Frysk sein is ‘soms, mar meastentiids net' yn it Frysk opskreaun wurdt sa't de wet fereasket. Knol: ‘It liket no fan tafal ôf te hingjen en oft der op sa'n dei ien oanwêzich is dy't it Frysk skriftlik machtich is. Mar soks moat fansels struktureel goed regele wêze, sa't de minister ek seit. Dus wy tidigje der op dat - neist de kwestje mei it mûnlinge Frysk en de tolken yn de rjochtbank - ek it skriftlike Frysk no definityf boarge wurdt en yn de praktyk útfierd.'



Downloads:
Ynfersomstelling nederlânske regear


Tags: Frysk en Meartaligens, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer