In grut stik yn de Ljouwerter Krante fan ‘e moarn makket dúdlik dat nije beliedsregels fan de provinsje Fryslân it organisaasjes fan bygelyks doarpsfeesten, dy't it al dreech hiene al it papierwurk klear te krijen, it no praktysk ûnmooglik meitsje om wat te organisearjen. Hja moatte 6 moanne yn it foar ekologysk ûndersyk dwaan nei de ympakt fan it evenemint op de omjouwing en de dêryn wenjende soarten. ‘Folslein idioat,' seit Aant Jelle Soepboer, dy't him earder hurd makke foar it karbydsjitten. ‘As wy sa trochsette kinne de basisskoallebern aanst in ekologyske risikoanalyze meitsje as se te Sint Marten-rinnen wolle.'
It kolleezje fan Deputearre Steaten sprekt fan in ‘balâns tusken eveneminten en har omjouwing.' De FNP fynt dat elke balâns op dit stuit fier te sykjen is, dat dizze regeljouwing folslein trochslein is en dat it in ierlitting is foar de mienskip en foar de evenemintenbrânzje dy't al hurde klappen krigen hat.
It nije belied soe ta stân kaam wêze yn gearwurking mei gemeenten, mar sawol de Provinsjale Steaten as de gemeenterieden lykje fan neat te witten. ‘Dit is wer oer alle hollen hinne gean, dêrom kinne wy net oars as dit te agindearjen en dit besykje tsjin te hâlden. Wy fine natuer ek wichtich mar dizze burokrasy giet fierstente fier, ús sympaty leit wêr't dy al jierren leit. By de doarpen, by de organisaasjes, by al dy frijwilligers, by de mienskip.' Seit de fraksjefoarsitter fan de FNP, Sijbe Knol.
De FNP hat fan ‘e moarn in agindafersyk yntsjinne en wol it debat oangean. Oare partijen wurdt frege dit te stypjen.