De moasje en
de tongerlieder
Der waard fan ‘e wike yn de Keamer stimd oer in moasje. Koartsein kaam it der
op del: soargje mei weromwurkjende krêft foar in fatsoenlike fergoeding foar
alle gerjochtstolken om sa de kwaliteit te garandearjen. Wa tocht dat de
needsaak om it belied fan de Ministers Grapperhaus en Dekker by te stjoeren no
dúdlik wie, kaam frjemd op de kofje. De moasje waard troch de partijen fan it demisjonêre
kabinet fuortfage. Yn plak fan struktureel te soargjen foar in bettere
fergoeding, waard troch CDA, ChristenUnie, VVD en D66 it Frysk as tongerlieder
brûkt.
Gebrek oan
kennis
Der waard troch dizze partijen wol in oare moasje tsjinoer set: it rjocht op it
gebrûk fan it Frysk yn de rjochtbank moat garandearre wurde. Litte wy dúdlik
wêze: in folslein oerstallige moasje. It gebrûk fan it Frysk yn de rjochtseal
is al sûnt de wet Donker fan 1956 by wet regele en ferankere. It is dizze
novimbermoanne presys 70 jier ferlyn dat Kneppelfreed plak fûn. It Fryske folk
kaam doe yn ferset neidat in rjochter ferbea om it Frysk te brûken. Grouwélich
plysjegeweld en massaal protest ûnder lieding fan in oare Fedde, Fedde Schurer,
hat dêr de basis foar lein. Dêr wie fan ‘e wike gjin moasje foar nedich.
Der binne twa mooglikheden: óf it Frysk is fan ‘e wike as tongerlieder brûkt óf de kennis fan de Keamerleden is ûnfoldwaande. Wy meie hoopje dat it in gebrek oan kennis is, soks is ornaris nochris by te spikerjen. It sil foar tolk Dijkstra en syn kollega's in hurd gelach wêze. In strukturele ferbettering fan de fergoeding en kwaliteit fan tolketsjinsten is noch lang net regele. De tolken binne gjin stap fierder en dat is foar sawol de tolk as foar de fertochte yn de rjochtseal in treurige konklúzje.
Sijbe Knol, fraksjefoarsitter FNP Fryslân
Michiel van Nispen, Twadde Keamerlid SP