Yn it ramt fan it Heech Wetter Beskermings Programma (HWBP) wurdt de seedyk tusken Koehoal en Lauwersmar fersterke. Dêrby wurde ek koppelkânsen útwurke om bygelyks de natoer en rekreaasje en toerisme te fersterkjen. Yn de foarsimmer kaam nei bûten dat der plannen binne om by de Westhoek in wikselpolder yn te rjochtsjen om de natoer te fersterkjen.
Op inisjatyf fan de FNP is yn'e mande mei de VVD, Geborgd Ongebouwd, Lagere Lasten Burger en it CDA in moasje opsteld om it Algemien Bestjoer útsprekke te litten dat se tsjin dit plan binne. De partijen fine dat it fan ekonomysk belang is dat dizze polder behâlden bliuwt foar de ikkerbou. Boppedat is der in grut risiko dat de fersilting yn dit gebiet noch fierder tanimt. Hast in kwart (23%) fan alle jierpels wrâldwiid fine har oarsprong yn it noarden fan Fryslân en Grinslân. Wurdfierder Bram Bonnema fan de FNP joech yn de diskusje oan dat it Wetterskip no al mei regelmaat de fearten mei swiet wetter trochspielt om de fersilting ûnder kontrôle te hâlden. Der wurdt ek stúdzje dien hoe't it Wetterskip yn de takomst de fersilting tsjin gean kin. "Wy moatte ús sels net mear swierrichheden op de hals helje en noch mear kosten meitsje."
Neffens de FNP lizze der bûtendyks mear kânsen om de natoer te fersterkjen. Yn de lêste tsientallen jierren is de oansliking foar de kust foars tanaam en dat proses giet gewoan troch. Dat natuerlike proses kinne je ek noch beynfloedzje. Sa binne der prima mooglikheden om bûtendyks de flora en fauna te fersterkjen. De partijen Water Natuurlijk, de PvdD, de PvdA en 50 Plus stimden tsjin de moasje. Sy wolle it plan ûnder bringe yn it gebietsproses. Oft it safier komt is noch mar de fraach. Ommers, sawol de gemeenterie fan Waadhoeke, Provinsjale Steaten en it AB fan it Wetterskip hawwe har no útsprutsen tsjin de wikselpolder by de Westhoek. In dúdlik sinjaal oan de Stjoergroep Koahoal-Lauwersmar.
Foar de wetterskipsfraksje fan de FNP
Bram Bonnema, wurdfierder primaire kearingen
Klik hjir nei de AB gearkomste fan 28 septimber en nei de moasje