![]() |
Ynvestearje yn regio NW-Fryslân mei Masterplan Waddenroutes
De Provinsje moat de kommende jierren fiks oan de slach mei de projekten út it ‘Masterplan Westergo's Waddenroutes'. Dat wol de fraksje fan de FNP yn Provinsjale Steaten. De partij stelt skriftlike fragen oer it plan oan Deputearre Steaten.
Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme
Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl
|
De FNP wol dat no't de provinsje Fryslân nei fase 1 ophâlde wol mei it projekt ‘Waddenglas' en omdat Fryslân al earder besluten hat om net troch te gean mei it ynvestearjen yn de yndustryhaven fan Harns. Tagelyk is der yn de streek in grut stik maatskiplike ûnrêst troch de gas- en sâltwinning en de REC yn Harns. Dêrom fynt de FNP dat no sjoen wurde moat nei de inisjativen en plannen, dy 't yn it gebiet fan ûnderen op ûntwikkele binne.
Dy mooglikheid docht him no foar mei it Masterplan Westergo's Waddenroutes fan Stifting De Riedmar. Yn de streek binne op basis fan in fan ûnderen-op benadering tal fan projekten (21) ûntstien dy't de leefberheid, wurkgelegenheid en rekreaasje befoarderje. De FNP is hiel posityf oer de projekten dy't yn oerlis mei de streek en de doarpsbelangen útwurke binne. It giet ûnder oare oer in besikerssintrum en útkyktoer yn Westhoek, in binnenhaventsje yn Swarte Haan, it beleven fan fiskyntrek by fiskhevelpassaazjes, in bûtendyks fytspaad tusken Seisbierrum en Winaam, in argeologysk doarp en natoerswimwetter by Winaam en in fisksteiger by Seisbierrum.
De lizzing oan de Waadsee en it feit dat guon saken ek de ekology fersterkje betsjut neffens de FNP ek dat in berop dien wurde kin op it Waadfûns en op Europeeske middels. It betsjut ek in imago-ferbettering foar de kuststreek en spin-off nei oare projekten. De inisjatyfnimmers freegje no in bydrage fan € 175.000 oant € 200.000 om de saak op gong te helpen en om de projekten út te wurkjen. De FNP stiet dêr achter en freget it Kolleezje fan Fryslân om in oanfraach posityf te beoardielen. De FNP giet der fan út dat dat slagje sil. As it te lang duorret of as it Kolleezje gjin jild takenne wol, sil de FNP yn de Steaten mei in inisjatyfútstel komme om it jild foar de projekten yn Noardwest Fryslân op it kleed te krijen.