Guon fan dy huzen binne sa bot oantaast dat direkte aksje nedich is. De partijen wolle witte oft der goed ûndersyk dien is nei de heechwettersirkwys dy't de foar beskerming fan de huzen soargje moasten tsjin de lege wetterpeilen yn de gebieten dêrnjonken. Se wolle witte wat Deputearre Steaten en it Wetterskip dwaan sille. Ek wolle de partijen dúdlikens oer de ôfspraken mei it Wetterskip oer de finansiering fan it dielnimmen oan it lanlik fûns fundearringswerstel.
Jochem Knol (GrienLinks), út namme fan de acht partijen: ‘De bewenners fan huzen dy't fersakke binne troch te lege peilen, binne yn in soarte fan nimmenslân telâne kaam. Ut ûndersyk docht bliken dat de heechwettersirkwys gjin genôch beskerming foar de huzen bean hat. De ferantwurdlikens dêrfoar wurdt no as in hite ierappel hinne en wer skood wurdt. De bewenners hawwe oant no ta gjin oplossing foar har probleem, en yntusken sakje de huzen hieltyd fierder. Wy wolle witte hoe't it sit mei de hechwettersirkwys en de besluten dêroer. Ek wolle wy witte hokker aksjes Deputearre Steaten en it Wetterskip foar eagen hawwe yn dizze situaasje. De hichte fan de peilen yn it feangreidegebiet is ommers in mienskiplike ferantwurdlikheid fan provinsje en Wetterskip.'
Fundearringstafel
De partijen wolle dêrneist witte wat de stân fan saken is oangeande de saneamde
fundearringstafel. Se wolle graach in petear mei de (ûnôfhinklike) foarsitter fan
de tafel. De fundearringstafel is ynsteld om de bewenners sels meiprate te
litten oer de problematyk.
Provinsjale Steaten ynformearje
Yn it Algemien Bestjoer (AB) fan it Wetterskip is op 28 septimber in beslút foarlein oer it dielnimmen oan it ‘landelijke fonds duurzaam
funderingsherstel'. Neffens it AB-beslút is in betingst dat de Provinsje de
helte fan de kosten foar syn rekken nimt, troch it beteljen fan in ôfkeapsom.
Wopke Veenstra (FNP): ‘Wy wolle hiel graach witte wêrom't Provinsjale Steaten dêroer
net ynljochte binne. Binne Deputearre Steaten al akkoart gien mei de regeling
dêr fan sprutsen wurdt? En is it sa dat boargers, dy't it advys ‘slope en
nijbou' krigen hawwe, gjin gebrûk meitsje kinne fan de regeling?'
(Tekst GrienLinks, oersetting FNP)