NIJS   01-10-2021


Taname oantal geiten oanlieding foar nije geitestop

It oantal kij en geiten yn Fryslân is it ôfrûne jier tanaam. It oantal kij gie licht omheech mei 0,4%, mar benammen it oantal geiten naam stevich ta, mei 9,6% nei in oantal fan 27.000. De stiging fan benammen it oantal geiten is foar de Steatefraksjes fan PvdA, FNP, PvdD, SP en GrienLinks reden om har soargen te meitsjen. Dizze foarm fan yntinsive feehâlderij jout mooglike risiko foar de sûnens. De Steatefraksjes wolle fan Deputearre Steaten witte oft de taname oanlieding jout om op ‘e nij in geitestop yn te fieren.

Oerloop geitehâlderijen

 

De partijen binne benaud dat der sprake is fan in oerloop fan geitehâlderijen út de provinsjes dêr't al wol in geitestop jildt. ‘De taname yn Fryslân is ek binnen gemeenten in punt fan soarch. Wy sjogge dat der no gemeenten yn Fryslân binne mei in lokale stop op geitehâlderijen, wêrtroch der mooglik in skevere druk komt op dy lokaasjes dêr groei noch wol mooglik is. Wy fine dêrom dat de provinsje better ien lijn lûke kin en in tydlike geitestop yn fiere moat', sa sizze de wurdfierders fan de partijen. Boppedat stiet yn it bestjoersakkoart fan de provinsje Fryslân dat wy stribje nei in duorsume, natuerynklusive lânbou. Lânbou dy't grûnbûn en sirkulêr is. De wurdfierders fan de partijen wolle witte oft in útwreiding fan it oantal geitehâlderijen wol past binnen dat doel.

 

(Tekst: PvdA Fryslân, oersetting FNP)



Downloads:
Skriftlike fragen oer taname oantal geiten


Tags: Buorkje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer