NIJS   29-09-2021


FNP: Stopljocht op de Westhoek ‘waansin’

Is it de minsken yn’e plasse slein? Dat is de earste reaksje fan de FNP Steatefraksje op it nijs dat de Fûgelbeskerming in stopljocht pleatse wol op it Waad by de Westhoek. Hjirmei soe de grutte tastream fan besikers wat regulearre wurde moatte. De fraksje stelt skriftlike fragen oer de kwestje oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

"Natuerbelibbing slacht folslein troch" (Wopke Veenstra)

Yn de Ljouwerter Krante fan 23 septimber wie te lêzen dat de Fûgelbeskerming oerwaget en serieuze plannen hat om op de kwelder fan de Westhoek in ferkearsljocht del te setten. Doel is om fersteuring fan natoer foar te kommen. De minsken begjinne sa njonkenlytsen it natuergebiet folslein plat te rinnen. At de proef oanslacht tinkt de Fûgelbeskerming oan mear ferkearsljochten op'e romte.

 

Wurdfierder Veenstra wolle witte oft der ek kontakt west hat tusken Fûgelbeskerming, Provinsje en gemeente Waadhoeke oer it foarnimmen. Hy freget om in miening fan it Kolleezje. It is fierder de fraach oft in stopljocht pleatse, romtlik besjoen en mei it each op de strange regels dy't jilde foar it Natura 2000 gebiet bûtendyks, sa mar kin.

 

De FNP fraksje fynt in stopljocht in ferkearde benadering. De minsken soe mear bybrocht wurde moatte oer de rêst en de funksje fan de rêst foar fûgels yn it gebied yn stee fan it ferstân út te skeakeljen mei in ferkearsljocht. De partij trunet it Kolleezje oan om aksje te ûndernimmen rjochting de Fûgelbeskerming. Der soene alternativen komme moatte, mooglik yn gearwurking mei de gemeente Waadhoeke.



Downloads:
FNP skriftlike fragen stopljocht op de westhoek


Tags: Natuer en lanskip, Waadsee

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer