NIJS   13-09-2021


FNP stelt fragen swimwetter De Leijen-Burgumermar

It offisjele swimplak by Eastermar stiet noch hieltyd mei in oranje warskôging op de swimwetterkwaliteitskaart www.zwemwater.nl. Fan't simmer stie it sels lange tiid op read fanwege de minne wetterkwaliteit. Der is hieltyd wer sprake fan blau-alch en oare skealike baktearjes yn it wetter. De FNP stelt skriftlike fragen yn it Wetterskip nei de oarsaken.

"Maatregels tsjin minne kwaliteit swimwetter" (Yde Dijkstra foar FNP yn Wetterskip)

De minne wetterkwaliteit spilet net allinnich yn Eastermar mar eins op it hiele trajekt Drachten-Peinder Feart-De Leijen-Lits-Burgumer Mar-Kûkhernsterfeart. De FNP krijt sinjalen út de mienskip oer de mooglike oersaken en oanpak fan it probleem. It Wetterskip is dwaande mei natuerfreonlike wâlskanten, it loazen fan smoarch wetter troch de rekreaasjefeart is ferbean en der binne ôfspraken makke oer it stop setten fan de loazingen troch de profesjonele rûnfeartboaten. Fraach is oft dit no allegear genôch helpe sil.

 

De FNP wol witte oft der nei in ûndersyk fan de Wageningen Universiteit yn 2018 ek nije wittenskiplike ynsichten binne. Undjip wetter, hegere temperatuer en te min trochstreaming soene bepalende faktoaren wêze as dêr meststoffen by komme. De fraach is dan wêr't dy meststoffen wei komme. De Wetterskipsfraksje wol graach in analyse wat der te rêden is, basearre op feiten en mjittingen. Wat kinne wy fan it Wetterskip, al dan net mei de gemeente Tytsjerksteradiel, noch oan aksjes ferwachtsje om de kwaliteit fan it swimwetter te ferbetterjen?

 



Downloads:
FNP skriftlike fragen swimwetter
Antwurd skriftlike fragen blau-alch swimwetterkwaliteit


Tags: Rekreaasje en toerisme, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer