De kadernota finansjeel
Doe't yn desimber 2019 op basis fan it koalysjeakkoard de begrutting 2020 en mearjierrenbegrutting fêststeld waard, gie it belestingtaryf fiks omheech en dêr soe it neffens de koalysje by bliuwe. In misrekkening. Advysburo Lysias hat ús wetterskip organisatorysk en finansjeel trochljochte. It Deistich Bestjoer (DB) nimt de konklúzjes fan Lysias oer en ek de FNP-fraksje kin har yn grutte halen yn it rapport fine. Minder maatskiplike opjeften útfiere kin, mar dan wurde wy in "basaal" wetterskip. Net ferstannich fine wy en net passend yn dizze tiid.
De skulden fan it wetterskip binne heech, en dy rinne ek mei de maatregels dy't nommen wurde mar stadich werom. Wy moatte dêrom kritysk op de ferfangingsynvestearrings wêze. Risiko-stjoerd ynvestearje. En as de miter de ynventarisaasje fan de eigen besittingen op oarder bringe, sadat wy dêr mei stjoere kinne. Wat ek moat: skerp wêze op de grutte projekten. De miskalkulaasjes hawwe de lêste jierren tefolle jild koste.
Wat ek kin: wat mear tiid nimme om de stelde beliedsdoelen te berikken. Wy neame as foarbyld de Kaderrjochtline Wetter (KRW) foar de wetterkwaliteit, it opheegjen fan de provinsjale kearingen of de doelen yn de Nota Bioferskaat. Mar net de eindoelen weromskroevje, want dan binne wy as de deade fisk dy't mei de stream meidriuwt. In libbene fisk swimt tsjin de stream yn en dy hat by de stuw ek wolris even skoft om dan wer in spronkje foarút te dwaan.
Wy binne net bliid mei de belestingferheging, mar yn ús eagen kin dat net oars. De FNP is it perfoarst net iens mei it kader om de kwytskelding foar de minima werom te skroeven nei 80%. De FNP sil der net oan meiwurkje om by de minsken dêr't it al net sa rom sopket, ek noch de hagelslag fan de bôle te heljen.
Wy wolle njonken de finansjele kaders noch in pear saken beneame.
De primaire kearingen
Nije ûnderhannelingen mei Rykswettersteat (RWS) oer de oerdracht fan de primaire kearing op de eilannen oan it Wetterskip. As betingst jildt dat RWS in "bruidsschat" betelje moat. Wy fersykje it DB ús goed yn dat proses mei te nimmen en gjin ûnomkearbere saken ôf te praten. Troch klimaatferoaring rinne wy seker op de eilannen grutte risiko's en Fryslân hat mar 650.000 ynwenners dy't dat risiko drage moatte.
Dan Koehoal-Lauwersmar, it fersterkjen fan de Waadseedyk. Prima dat der keppelkânsen yn oerlis mei de streek ûndersocht wurde en dat ek natoerfersterking rom omtinken krijt. Mar offerje gjin 46 ha. poerbêste lânbougrûn by de Westhoek op. Dêr is yn de streek gjin draachflak foar. Fandêr de oankundige FNP moasje.
Duorsum behear swiet wetter
De FNP-fraksje hie ferwachte dat de nota Duorsum Behear Swiet Wetter om dizze tiid hinne klear west hie. Dat is net it gefal. Yn it memo fan 15 juni leit de portefúljehâlder de ferbining tusken ferskate programma's en tema's. Wy wolle der by it DB op oantrune om de yntegraliteit skerp yn it each te hâlden. Dat kin by de útfiering fan it belied mooglik in soad kosten besparje.
Deltaplan foar it noarden
Yn de Kadernota wurdt by romtlike ûntwikkelingen it Deltaplan foar it Noarden neamd. De FNP-fraksje is fan betinken dat it Wetterskip hjir foarearst gjin tiid en enerzjy yn stekke moat. Wa't okkerdeis op Omrop Fryslân de sneinske Fryslân-DOK oer dit ûnderwerp sjoen hat, sil it mei ús iens wêze dat de fraachtekens foarearst grutter yn tal binne as de útroptekens. En at wy al ûndersykskosten meitsje moatte, dan moatte dy dellein wurde by it ryk.
Bram Bonnema en Yde Dijkstra, AB-leden foar de FNP
De leafhawwer kin alle iepenbiere gearkomsten en de ynbring fan de FNP werom sjen op de side fan it Wetterskip: https://wetterskipfryslan.notubiz.nl/