NIJS   28-01-2015


FNP hellet soad moasjes binnen yn Steaten

Underwerpen yn PS jannewaris 2015

Annigje Toering 2012 05   

De Steategearkomste fan jannewaris is tige suksesfol ferrûn foar de FNP. Fan de 13 moasjes dy't de fraksje sels of mei oaren yntsjinne hat, binne der 11 mei grutte mearderheid slagge. Fan de eigen FNP moasjes binne der sels twa mei algemiene stimmen oannommen: de moasje oer in rûnwei foar Warns en de moasje dy't frege om proeven mei ûnderwetterdrainaazje yn it feangreidegebiet.

 

 

 

Partijen wolle gjin nije gasboarrings mear yn Fryslân

 

Tige opmerklik wie de moasje dy't de PvdA, oanfitere troch de ierdbevings yn Grinslân, mei de FNP en oaren yntsjinne oer de gaswinning. Foar it earst hawwe de Steaten har no hast unanym útsprutsen tsjin nije gasboarrings yn Fryslân. Ek de VVD, yn jannewaris 2012 noch fûl tsjin in FNP moasje foar mear gasbaten, doarde no net mear tsjin te stimmen. It trelit om de ûnberoaide útspraken fan harren -ûnderwilens opstapte - keamerwurdfierder de hear Leegte sil dêr grif yn meispile hawwe.

 

 

Feangreide: fundearringskea meinommen

 

Anna Martha 2011 lyts    De fraksje is tige tefreden dat in FNP moasje it helle hat om de fundearringsskea yntegraal mei te nimmen yn de gebietsplannen om it feangreidegebiet oan te pakken. CDA en PvdA wiene tsjin, mar de kosten fan de fundearringsskea sille no dochs meinommen wurde yn alle berekkeningen. In opstekker foar alle partikulieren dy't mei de besteande skearegeling (fan de PvdA) net út de fuotten kinne.

 

De moasje fan de FNP om útein te setten mei proeven mei ûnderwetterdrainaazje krige unanime stipe. It is wichtich dat sokke proeven dien wurde, om út te finen hoe't mei in nije oanpak it wetterpeil yn de kwetsbere feangreidegebieten sa gau mooglik omheech kin sûnder dat it buorkjen dêr skea fan hat. Wurdfierder Anna Martha van der Mei hat goed ûnderhannele efter de skermen oer dizze moasje, kinne wy fêststelle.

 
Romme stipe wie der ek foar in moasje fan de FNP om de Europa 2020-strategy te benutten foar it Fryske feangreidegebiet. Mei stipe fan Brussel binne der subsydzjes om ynnovative, CO-2 earme groei fan de ekonomy te befoarderjen. Troch in heger wetterpeil yn de feangreide is it mooglik om in grutte slach te meitsjen yn it tebekkringen fan de Fryske CO-2 útstjit. Eefkes ta fergeliking: as wy de oksidaasje fan it fean troch de djipûntwettering mar gean litte, komt der per jier like folle CO-2 frij as troch alle autoferkear yn hiel Fryslân byinoar. De partijen útsein de PVV wolle de ynnovative oanpak tsjin de CO-2 útstjit mei stipe fan Brussel mei beide hannen oangripe.

 

 

 

Rûnwei Warns unanym stipe

 

Auke 2011 lyts    Perfoarst in boppeslach wie de unanime stipe foar de FNP moasje foar in nije rûnwei om Warns hinne. Net yn it lêste plak omdat deselde moasje de oare deis yn de ried fan Súdwest-Fryslân ek unanym stipe waard. De kolleezjes hawwe no de opdracht om foar harren Begrutting 2016, dat is yn de rin fan 2015, mei in definityf plan te kommen ynklusyf finansjele dekking. De ferwachting is dat de leefberens en ferkearsfeiligens op de rûte nei Starum troch de smelle Buorren fan Warns gâns ferbetterje sille troch de rûnwei. De beide wurdfierders (Auke Bijlsma yn de Steaten en Jelle Gerbrandy yn Súdwest) binne tige tefreden oer dit slagge foarbyld fan goed polityk oparbeidzjen as FNP.  



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer