NIJS 11-06-2021
Ekologysk behear provinsjale bermen
Wêrom meant de Provinsje bermen fan wegen en sleatswâlen plat dy't op it stuit yn folle bloei steane? Natuer, duorsumheid, lânskipsbeleving en bioferskaat moatte neist de feiligens noch hieltyd útgongspunt wêze foar it meanen fan de provinsjale bermen. De FNP freget oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten om de eigen organisaasje, leanbedriuwen, gemeenten en it Ryk op te skerpjen oer it belied dat al yn 2011 ôfpraat is.
"Sels it goede foarbyld jaan mei blomrike bermen" (Wopke Veenstra)
De FNP krijt sinjalen út de mienskip, fan automobilisten dy't alle dagen op de provinsjale wei sitte, dat der de lêste tiid wer folle mear fan de bermen, sleatskanten en oerhoeken meand wurdt as de bedoeling wie. FNP wurdfierder Wopke Veenstra: ‘Graach in ûnderbouwing dat it ôfprate ekologyske bermbehear noch hieltyd goed op it netflues stiet by de eigen organisaasje, by leanbedriuwen, gemeenten, Rykswettersteat en oaren.'
‘It komt tsjinstridich oer dat wy oan de
iene kant in soad tam-tam meitsje oer it nije Programma Werstel Bioferskaat fan
de Provinsje en oer Bijenlinten troch de hiele provinsje, dêr yn de Steateseal
hast trije oeren oer debattearje, en dat dêrbûten dan oan de oare kant de boel
hielendal ‘plat' meand wurdt. Wy moatte sels it goede foarbyld jaan mei
ekologysk bermbehear. Wy wolle as FNP konkrete aksjes sjen fan it Kolleezje om
alle belutsen partijen sa nedich wer op te skerpjen', sa stelt Veenstra.
Downloads:
FNP skriftlike fragen ekologysk behear provinsjale bermen
Tags:
Bioferskaat,
Natuer en lanskip
MEAR OER DIT ÛNDERWERP