NIJS   03-06-2021


Plaid Cymru en de ferkiezing yn Wales

Plaid Cymru is in sosjaal-demokratyske partij yn Wales. Oprjochte yn 1925, stiet de partij foar in ûnôfhinklik Wales. Sy stride ek foar in twatalige mienskip (Welsk en Ingelsk) mei respekt foar gelikensens op alle mêden, sa as taal, kultuer, seksualiteit en sosjale eftergrûn. It miljeu is ek in wichtich part fan it program fan Plaid Cymru.

Jill Evans wie foarsitter fan Plaid Cymru tusken 1994 en 1996. Sy wie sûnt 1999 lid fan it Europeeks Parlemint foar Plaid Cymru, oant Brexit ta. Sy set har yn foar de ferdigening fan it Welsk en siet as Europeesk Parlemintariër yn de miljeukommisje. Jill fertsjintwurdiget Plaid Cymru ek yn it bestjoer fan de Europeeske Frije Alliânsje (EFA).




Yn de lêste pear jier binne de grutte feroarings west yn Wales. De ûnôfhinklikensbeweging, Yes Cymru, hat folle mear stipers krigen, mei tûzenen minsken dy't yn ús hiele lân de strjitte opgien binne, oant dat de pandemy ús twongen hat om thús te bliuwen. In resinte peiling liet sjen dat hast 40% foar ûnôfhinklikens stimme soe.

 

De ferkiezing foar de Senedd (it Welske Parlemint) fan maaie is troch guon beskreaun as de earste echt Welske ferkiezing. By syn reaksje op COVID19, hat de Welske (Labour) regearing ôfstân naam fan de domdrystens fan Boris Johnson syn Britske regearing. Minsken hawwe mear betrouwen yn de oanpak fan de Welske regearing en fan de Premier, dy't in soad yn de media wie. De krisis soarge derfoar dat der folle mear omtinken wie foar de grutte foardielen fan devolúsje (it ferpleatsen fan foech nei in leger nivo), miskien wol foar de earste kear sûnt de ynfiering yn 1999.

 

In tige positive útkomst fan de ferkiezing wie dat ekstreem rjocht folslein fuortfage is en itselde is it gefal foar dejingen dy't de Senedd ôfskaffe wolle. De Abolish the Assembly Party en de oerbliuwsels fan UKIP en de Brexit partij binne sûnder genede oant kant set. Wales is dêrmei in better lân wurden.

 

Tsjinoer dy tige positive ûntjouwings is it Plaid Cymru net slagge en meitsje fan dizze ferkiezing de 'game-changing'-ferkiezing dêr't wy op hope hiene. Wy hiene in radikaal en fernijend ferkiezingsprogramma presintearre. Yn de wurden fan Plaid lieder Adam Price:

 

‘Yn it hert fan ús ekonomyske belied sette wy it berikken fan in goed libben foar al ús ynwenners en it beheinen fan ûngelikensens. Ekonomyske foarútgong moat de motor wurde om sosjale gerjochtichheid te berikken, lok foar elk en ekologyske fearkrêft. De ekonomy is folle mear dan allinne de produksje fan hannelsguod, it giet derom al datjinge te hawwen dat nedich is om groeie te kinnen, floreare en dije te kinnen as mienskip.'

 

Foar de allerearste kear, hawwe wy in referindum beloofd oer ûnôfhinklikens yn de earste perioade fan in Plaid Cymru regearing.

Yn de ferkiezing wie der mar in lyts bytsje feroaring yn it tal stimmen op ús. Lykwols begûnen wy de kampanje mei in Plaid Cymru Senedd-fraksje fan 10 leden en wy einigen mei 13 leden.

 

Adam Price, koe maklik syn sit ferdigenje, en de sit yn it Dwyfor Meirionnydd-distrikt wie wûn troch de pakesizzer fan Gwynfor Evans dy't 55 jier lyn it allerearste Plaid Cymru-parlemintslid waard. Wy koene ús fertsjinwurdiging op de regionale listen ferheegje, en hawwe 8 sitten yn alle parten fan Wales wûn, en op ‘e nij kinne wy stelle dat der net in hoeke fan Wales is sûnder in Plaid Cymru-folksfertsjintwurdiger. It jongste lid fan de Senedd is Plaid's Luke Fletcher en Elin Jones, dy't werkeazen is yn it distrikt Ceredigion, is op ‘e nij beneamd as Llywydd/Speaker (parlemintsfoarsitter).

 

Wy hawwe in tige sterk en beret team yn de Senedd. Yn de úteinlike útslach hat Labour 30 sitten, de Konservativen 16,  Plaid Cymru 13 en de Liberal Democrats mar 1.  Labour hat krekt genôch om in regearing te foarmjen sûnder dat it in koälysje foarmje moat, mar sûnder in mearderheid, sille der tiden komme dat sy hiel hurd wurkje moatte om har aginda troch te fieren.

 

Der sil flinke opposysje wêze tusken de konservative Britske regearing en syn aginda om devolúsje te ferswakjen en de Welske regearing dy't dingen oars dwaan wol. Wy steane foar in perioade fan juridyske en politike útdagings. Ynstitúsjonele feroaringen steane prominint op de wurklist, mei mear diskusje oer selsbestjoer en mooglik in konstitúsjonele konvinsje. De ûntjouwings yn Skotlân wurde sekuer folge. Dit wurdt in hiele nijsgjirrige sittingsperioade.

 

Mei de oankommende lokale ferkiezingen oar jier, is de moraal posityf binnen Plaid Cymru en wy bliuwe mei fernijde enerzjy op ús doel, ûnôfhinklikens, ta wurkjen: om besluten oer de takomst fan Wales yn hannen te jaan fan de befolking fan Wales.

 

Jill Evans, maaie 2021



Tags: Europa

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer