Sterke rol foar de regio
No't de earste prosesmjittige faze fan de ynformaasje troch ynformateur Herman Tjeenk Willink ein ferline wike ta in ein kaam is, is it no tiid dat de partijen yn De Haach wer mear nei de ynhâld sjogge. As bydrage dêroan hat de FNP in tal majeure opjeften op in rychje setten, dêr't de nije regearing aanst de help fan de regio goed by brûke kin. Lykwols moat der dan wol romte wêze om dy rol goed op te pakken.
Yn it brief wurde de útdagingen sketst dy't der binne op it mêd fan de berikberens (iepenbier ferfier, fersnelling spoar, kosten autogebrûk op it plattelân), de regy op de romtlike ûntwikkeling en de enerzjytransysje, de ekonomyske struktuer fan Fryslân, de oergong nei in natuerynklusive en sirkulêre lânbou mei each foar de greidefûgels, en it oplossen fan de problematyk fan de fundearringsskea yn de feangreidegebieten. Dy útdagingen kinne allinne goed oanpakt wurde as de ferskillende oerheden konstruktyf mei-inoar oparbeidzje. Dêrby binne de omstannichheden benammen yn Fryslân (en yn Seelân) geunstich foar in sterkere rol foar de regio.
Frysk en de streektalen
Wat it Frysk en de streektalen oangiet, kin der noch wol in toskje by, sa blykt út it brief oan de ynformateur. De FNP Steatefraksje ferwachtet fan de nije regearing dat dy de ferdrachsferplichtingen, dêr't Nederlân him oan ferbûn hat, einlik ris neikomt en dat der wat dien wurdt mei de kritykpunten en oanbefellingen fan ynternasjonale monitoring-komitees. De Fryske taal fertsjinnet te minste deselde oandacht, finansjele middels en stimulearring as de Nederlânske.