NIJS   21-04-2021


Gerben van der Mei nij Steatelid foar de FNP

Gerben van der Mei fan Tsjummearum is ynhammere yn Provinsjale Steaten. Hy folget Sybren Posthumus op as Steatelid foar de FNP.

"Om wat foar Fryslân út de wei te setten " (Gerben van der Mei nij Steatelid)

Van der Mei nimt de portefúlje fan Posthumus yn syn hiele hear en fear oer. It giet om de ûnderwerpen Finânsjes, Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme, plus Europa. De fraksje hat der betrouwen yn dat dizze portefúlje mei Van der Mei syn beropsmjittige eftergrûn as finansjeel saakkundige yn betroude hannen is. Van der Mei: ‘Ik haw der sin oan, út myn eftergrûn wei en as FNP'er, om wat foar Fryslân út de wei te setten.'

 

Gerben van der Mei hat fiskaal rjocht studearre en is sûnt 1994 fêstige as selsstannich belestingadviseur. Binnen de FNP wie hy bestjoerlik aktyf yn de eardere gemeente Frjentsjerteradiel (1999-2015) en polityk as riedslid fan 2002 oant 2010, wêrfan 4 jier as fraksjefoarsitter. Maatskiplik is hy belutsen, yn it ferline as lid fan de bestjoerskommisje Gebietsplan Noardwest-Fryslân en as ponghâlder fan ferskate stiftingen wêrûnder oant 2013 de Stifting Slachtemarathon. Hy wie ek bekend yn de regio as foarsitter fan de Feriening Doarpsbelang Tsjummearum/Furdgum (2012-2019). 



Tags: Algemien, Ferkiezings, Partijnijs

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer