NIJS   18-02-2015


FNP: opkomme foar lokale inisjativen breedbân ynternet

'Wytgaard, Reduzum net yn de steek litte'

Sybren Posthumus 2015 lyts   

Gjin burokratyske drompels opsmite

 

De FNP yn Provinsjale Steaten wol dat de Provinsje fleksibel omgiet mei lokale inisjativen foar breedbân ynternet. Projekten lykas yn Wytgaard en Reduzum rinne no al tsjin burokratyske drompels oan. De FNP hat yn de Steategearkomste fragen steld oer de kwestje.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy

Reaksje ? Mail sybren.posthumusfnp.frl

By de opset fan it provinsjale breedbân plan yn de Steaten soe de nedige fleksibiliteit ynboud wurde om lokale projekten te helpen dy't de finansiering lestich rûn krije. Bygelyks om't der net folle dielnimmers binne of om't de huzen en pleatsen hiel fier út elkoar lizze. It doel fan de fleksible oanpak wie om te soargjen dat ek werklik alle saneamde wite gebieten fluch ynternet krije, ek as it finansjeel net folslein rendabel is.

 

FNP wurdfierder Sybren Posthumus hat fierder fraachtekens setten by de ferplichting om in liening by de provinsje ôf te sluten om sa ek in oanslútsubsydzje fan 500 euro te krijen. It breedbânfûns soe ek in minimale ynvestearring fan € 250.000 easkje. Dat hellet net elk lyts doarp. It provinsjale jild of in garânsje soe dan krekt it ferskil meitsje kinne. De FNP hat fernommen dat lokale inisjativen tsjin ditsoarte fan behinderingen oanrinne. De deputearre hat sein dat se omtinken hat foar eventuele knyppunten en dat se ‘Wytgaard net yn de steek litte' wol.



Downloads:
FNP mûnlinge fragen útfiering breedbân plannen


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer