NIJS   31-03-2021


Hâld Fryslân berikber

‘Hâld Fryslân berikber’, mei dy oprop stelle de FNP, ChristenUnie, Partij van de Arbeid, CDA en GrienLinks skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Op 30 maart binne de Steatefraksjes op de hichte brocht fan it transysjeplan iepenbier ferfier. Dat plan is opsteld op fersyk fan de Ryksoerheid, en yn it plan wurdt in tal senario’s sketst foar it iepenbier ferfier yn Fryslân. De Steateleden freegje nei it perspektyf foar de reizger foar’t de besunigings trochfierd wurde.

Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe yn jannewaris besletten dat der net struktureel besunige wurde mei op it iepenbier ferfier. De fraach is dus: Hoe berikber is Fryslân as de krisis aanst oer is?

 

De senario's út it transysjeplan binne fan tapassing op it momint dat de beskikberheidsfergoeding fan it Ryk komt te ferfallen. Wy hawwe soarch oer dy senario's. Edou Hamstra (PvdA): ‘Hoe soargje wy derfoar dat der gjin komplete kealslach fan it iepenbier ferfier komt?' Matthijs de Vries fan de ChristenUnie wol witte wat it perspektyf is: ‘Wat dogge wy om it iepenbier ferfier safolle mooglik yn stân te hâlden?' Fansels binne de fraksjes har bewust dat der yn de situaasje fan in oanpassing fan de tsjinstregeling nedich is troch de enoarme weromgong yn it tal reizgers. Yn it transysjeplan misse de fraksjes de ambysje om it busferfier werom te bringen nei it âlde nivo.

 

 

‘Wannear't wy no linen tydlik skrasse en der is gjin plan en kommunikaasje nei de ynwenners ta oer wannear't de line weromkomme sil, sjogge wy de reizger net mear werom', seit Anton Meijerman (CDA). Ek FNP-er Rein van der Wal wol krekt as de oare fraksjes sa gau mooglik in plan foar de takomst, om de reizger te behâlden en de berikberheid op peil te hâlden.

 

Parseberjocht skreaun troch ChristenUnie Fryslân, oersetting FNP  



Downloads:
Skriftlike fragen oer busferfier


Tags: Ferfier yn Fryslan, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer