NIJS   01-04-2021


Petysje tsjin nije gaswinning Tytsjerksteradiel online

De fraksjes fan FNP, PvdA, GrienLinks, SP, PvdD, 50PLUS, D66, ChristenUnie en CDA yn Provinsjale Steaten hawwe in petysje online set tsjin nije gaswinning yn Tytsjerksteradiel en oanswettende gemeenten. De partijen roppe eltsenien op om massaal de petysje te ûndertekenjen. Doel is en gean mei de hantekeningen nei De Haach en meitsje de lannelike polityk dúdlik dat de regio gjin nije gaswinning út de lytse fjilden mear akseptearret.

"Tekenje no de petysje: Gjin gegriem yn Fryske grûn" (Wopke Veenstra)

Klik hjir en gean daliks nei de petysje   

 

Skea

De lokale en regionale oerheden hawwe har mei in advys oan it Ministearje fan EZ ek al tsjin de plannen fan gaswinner Vermilion útsprutsen. No't yn De Haach socht wurdt nei in nij kabinet dat rekkenje kin op it betrouwen fan de ynwenners fan ús lân, wurdt it ek tiid en meitsje in ein oan de gaswinning út de ‘lytse' gasfjilden. De wurdfierders fan de partijen stelle: ‘De Ryksoerheid ferlient en ferlinget op it stuit allegeduerigen fergunningen, tsjin de winsk fan de lokale befolking yn. It mynboubelied fan de Ryksoerheid docht skea oan it betrouwen fan boargers út de noardlike provinsjes yn de oerheid. Der moat in ein komme oan de boaiemdelgong, de skea oan de wetterhúshâlding, de lânbou, de natuer en de fersakjende huzen en bedriuwen. En wat betsjut dit foar de feiligens fan de drinkwetter-winning fan Vitens? Fierdere gaswinning makket ek de oerstap nei in fossylfrije takomst minder leauwensweardich. Gjin gegriem yn Fryske grûn!'

 

Fragen

Yn alle belutsen gemeenterieden, Provinsjale Steaten, it Wetterskip en de Twadde Keamer binne al fragen steld. Doarpsbelangen komme yn it ferwar. De provinsje Fryslân hat al jierren it stânpunt dat nije gaswinning net winsklik is en hat dat mei de gemeenten en it Wetterskip yn it Manifest fan Fryske Oerheden oer Gas- en Sâltwinning dúdlik útsprutsen. Spitich genôch hawwe de gemeenten en de provinsje mar in beheinde rol by de ferliening fan mynboufergunningen. Neffens de Mynbouwet wurde gemeenten en provinsjes by nije of oanpaste fergunningen troch it Ministearje fan EZ inkeld frege om in advys te jaan.

 

De partijen wolle feroaring bringe yn dizze gong fan saken troch in yngreep fan de polityk. Mei in soad hantekeningen wolle se in berop dwaan op de Twadde Keamer en it (nije) regear.

 

Klik hjir nei de petysje

 



Petysje tsjin nije gaswinning Tytsjerksteradiel online



Tags: Gas- en saltboarings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer