NIJS   18-02-2015


Weardefolle beammen by stasjon Ljouwert behâlde

'Griene loper' nei Prins Hendrikbrêge

Sybren Posthumus 2015 lyts   

Partij freget omtinken yn Steaten en gemeenteried

 

Ljouwert - de FNP wol dat by de werynrjochting fan it stasjonsgebiet de karakteristike en weardefolle beammen beholden bliuwe. It giet dêrby net allinnich om de monumintale plataan, mar ek om oare beammen tusken it stasjon en de binnenstêd. De partij freget hjir yn de Steaten fan Fryslân omtinken foar. De gemeenteriedsfraksje docht dat yn de gemeenteried fan Ljouwert. 

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy, Rekreaasje en Toerisme 

Reaksje ? Mail sybren.posthumusfnp.frl

It giet de FNP om de besteande beammen yn it gebiet dy't net opoffere wurde meie om it autoferkear de romte te jaan. Der steane ûnder oaren in rige frij âlde linebeammen (linde), in eskdoarn en fansels de monumintale plataan. Oan de kant fan it busstasjon noch in rige linebeammen en deun tsjin de súdside fan Aegon in rige moerascypressen. Behâld troch middel fan oanpassing fan de plannen of eventueel it ferplantsjen fan de beammen is foar de FNP wol in opsje. 

 

Fierder stiet de FNP folslein efter de plannen om in soarte fan fan ‘griene loper' te meitsjen fan stasjon oant Prins Hendrikbrêge. In prachtige leane fan beammen en fierders in grien ‘ferbliuwsgebiet' mei gers en fontein.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer