NIJS   09-03-2021


FNP: Grutte fragen by beëinigjen ymmuniteit Katalaanske EP-leden

De Steatefraksje fan de FNP hat grutte fragen by it beslút fan it Europeesk Parlemint om de ymmuniteit fan trije Katalaanske parlemintsleden op te heffen. De wize wêrop in mearderheid fan de Europarlemintariërs trije fan harren kollega’s foar de liuwen smyt en kritykleas meigiet yn it fersyk fan de Spaanske justysje, stiet heaksk op hoe’t it Europeesk parlemint regelmjittich syn tosken sjen lit as der bûten de EU minskerjochten skeind wurde.



FNP Steatelid Sybren Posthumus: ‘Neffens ús is der hjir sprake fan dûbele standerts. As der bûten Europa wat bart, dan stiet de EU foaroan om mei it fingerke te wizen, en faak terjochte. Mar as in lidsteat, en seker in grutten ien, politike prosessen fiert en fûnemintele rjochten net earbiediget, dan bliuwt it aaklik stil.'

 

Hjoed waard bekend dat fjouwerhûndert leden foar it beëinigjen fan de ymmuniteit fan de eardere Katalaanske presidint Carles Puigdemont en syn kollega's Clara Ponsatí en Toni Comín stimd hawwe. Hast trijehûndert leden fan it Europeesk Parlemint stimden tsjin of hawwe har ûntholden. De Spaanske justysje hie om opheffen fan de ymmuniteit frege yn ferbân mei de rol fan de trije Katalaanske leden by it referindum oer de ûnôfhinklikheid fan Kataloanië yn 2017.

 

Dêrfoar sitte oare politisy, lykas bygelyks de lieder fan EFA-susterpartij Esquerra Republicana de Catalunya (ERC) Oriol Junqueras of de eardere foarsitter fan it Katalaanske parlemint Carme Forcadell no eksessyf lange finzenisstraffen út, omdat se in referindum mooglik makke hawwe. Neffens de Spaanske wet is dat rebelly, en string ferbean.

 

No't it Europeesk Parlemint de ymmuniteit beëinige hat, sille Puigdemont, Ponsatí en Comín dat beslút no by it Europeesk Hof fan Justysje oanfjochtsje.

 

FNP fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Fersiken fan de Spaanske justysje om oerlevering binne earder troch rjochters yn ferskillende lannen yn de EU wegere. It falt dan ek net te ferwachtsjen dat de trije har op koarte termyn al foar it Spaanske hekje steane, mar it is tige teloarstellend dat it Europeeske Parlemint der yn mearderheid oan meiwurket dat harren kollega's ferfolge wurde kinne.



Tags: Europa

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer