Deltaplan
Yn de ‘Uitvoeringsagenda Wonen 2021' fan 16 febrewaris 2021 stiet op side 3 in passaazje oer de Lelylijn. Dêr stiet: ‘De Lelylijn speelt in op het vergroten van de agglomeratiekracht en zal mogelijk leiden tot extra woningbouw en een versterking van het stedelijk netwerk in Noord Nederland. Hiervoor stellen het Rijk en de overheden in noordelijk verband een Deltaplan voor Noord-Nederland op.'
Yn de gemeente Ljouwert waard juster in plan presintearre foar 10.000 ekstra wenningen boppe-op de besteande plannen yn de stêd Ljouwert. De wethâlders bringe dy plannen yn foar it Deltaplan voor het Noorden. Sijbe Knol: ‘der wurdt troch de wethâlders folslein opportunistysk in fiergeand oanbod oan it Ryk dien, sûnder foarôfgeand demokratysk debat yn de gemeenteried of oerlis mei buorgemeenten en de provinsje. Ek liket it derop dat net neitocht is oer wenningbou yn de eigen doarpen."
Sybren Posthumus: ‘Wy hawwe begrepen dat de ‘hoofdcontouren' fan it Deltaplan der foar 1 maaie fan dit jier lizze moatte. Omdat de gefolgen foar Fryslân nochal yngripend wêze kinne, stelle wy no dizze fragen oer de proseduere. Op de ynhâld giet it oer romtlike oardering, wentebou, mobiliteit en ynfrastruktuer, de romtlik-ekonomyske struktuer. Net de minste dingen. Dat liket nij belied, dat kinst der net sa mar even ynfytse mei in opmerking yn in Utfieringsaginda oer in oar ûnderwerp. Dêrom wolle wy dat dit net by de amtners, Deputearre Steaten en it Ryk bliuwt, mar as dat nedich is ek yn de Steaten bepraat wurdt. Ek yn dy fan Grinslân, Drinte en Flevolân oars. Wy hawwe begrepen dat der yn Provinsjale Steaten fan Grinslân ek al fragen oer steld binne.'
Konsekwinsjes
Mei it each op de terminen freget de FNP in flotte beändering foar ein maart. De fraksje wol witte, mei it each op de mooglik yngripende konsekwinsjes én mei it each op de deadline fan 1 maaie oft Deputearre Steaten it Deltaplan oan Provinsjale Steaten fan Fryslân foarlizze wolle, en wannear dan wol? As der gjin besprek yn Provinsjale Steaten komt, dan wol de FNP witte hoe't de Steaten dan al op de hichte steld wurde. Mocht de ynformaasje te let komme, dan oerwaget de fraksje it punt sels op de aginda te setten: ‘Wy wolle hoe dan ek foarkomme dat de folksfertsjintwurdiging aanst foar it blok set wurdt mei in amtlik en bestjoerlik útakkoarte ferhaal, om te tekenjen by it krúske.'