NIJS   01-03-2021


FNP: Trochpakke mei akwatermy yn Fryslân!

De FNP Steatefraksje stelt skriftlike fragen oer de ûntwikkeling fan akwatermy en is fan betinken dat it goed wêze as der in pilot komt wêryn’t nei ferskillende situaasjes sjoen wurdt. Ut ferskate stúdzjes hat bliken dien dat akwatermy in folle hegere potinsje hat as earder tocht waard. Dêrom kin de technyk in wichtige bydrage oan de duorsume enerzjymiks yn Fryslân leverje, sa is te lêzen yn de Tuskenbalâns fan de Provinsje.

Yn in ynterview hat deputearre Sietske Poepjes oanjûn dat mei akwatermy wol yn 60% fan de enerzjyfraach yn Fryslân foarsjoen wurde kin. De deputearre hellet dêrby it akwatermy-projekt ‘Warm Heeg' oan, dat spitich genôch gjin subsydzje krigen hat fan it Ryk yn it ramt fan it programma ‘Aardgasvrije wijken'. De Provinsje Fryslân probearret no jild út Europa te krijen foar it projekt yn Heech.

 

De FNP Steatefraksje is fan betinken dat in fergelykjende pilot mooglik wol kânsriker wêze kin om Europeesk jild mei binnen te heljen en boppedat de tapassing fan akwatermy yn Fryslân ferhastigje kinne soe. Njonken Heech (oan in mar) binne der ek yn Balk (oan in feart) en Ljouwert (yn in stedske omjouwing) serieuze plannen om mei akwatermy oan de slach te gean. In mearfâldige oanpak fan de pilot soe de ûntwikkeling fan akwatermy en it útrôljen fan dy technyk yn Fryslân ferhastigje kinne. Akwatermy kin sa in prima duorsum alternatyf wurde foar foarmen fan enerzjy-opwek dy't ús lânskip skeine. 



Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer akwatermy pilots
Antwurd op FNP fragen akwatermy pilots


Tags: enerzjy en duorsumens

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer