NIJS   16-02-2021


Krityk op it yn stilte ferlingen fan in gaswinningskonsesje

‘Dat bewenners, gemeenten en provinsje net iens troch it Ryk en de gaswinners op de hichte brocht binne oer it ferlingen fan de gaswinningskonsesje De Gerdyk mei yn alle gefallen frjemd neamd wurde en is net mear fan dizze tiid.’ Steatelid Jochem Knol fan GrienLinks stelt op 17 febrewaris 2021 yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten út namme fan GrienLinks, FNP, PvdA, SP, PvdD en D66 mûnlinge fragen oan it Kolleezje oer de ferlinging fan de konsesje.

It Ministearje fan EZK ferlinget yn stilte de fergunning (konsesje) foar it winnen fan gas yn it winningsgebiet De Gerdyk. Jochem Knol, út namme fan de seis partijen: ‘It wurdt dêrmei mooglik om oant 2039 ta yn it gebiet nije gaswinningen te begjinnen en de fergunningen foar besteande winningen te ferlingen. Dêr falle û.o. de winningen yn Weststellingwerf en Westerveld (Drinte) ûnder. Mar ek de winning yn Finkegea. Wy freegje ús ôf oft de prosedueres yn de mynbouwet dy't gean oer de ynformaasjefoarsjenning noch wol foldogge? Wisten de provinsje en de gemeenten derfan? Bewenners binne oer de ferlinging net of amper ynformearre en op ‘e nij is der in soad ûnrêst fan kaam. Draacht dizze wize fan wurkjen ta oan it betrouwen yn de oerheid? Wy hawwe begrepen dat de Provinsje beswier meitsje sil tsjin de konsesjeferlinging. Wy hoopje dat de provinsje de soargen yn syn beswier opnimme sil.'

 

WC-eend

De effekten fan de winningen wurde yn byld brocht troch ynformaasje fan de inisjatyfnimmer sels (yn dit gefal Vermilion Energy). Wy hoopje dat ek dat punt troch de provinsje nei foaren brocht wurdt in syn beswier. Jochem Knol: ‘Der ûntstiet op dizze wize twivel of dy ynformaasje wol objektyf is. De fraach dy by dy opkomt is dochs in bytsje: WC-eend advisearret WC-eend?'


Bewiislêst

De gaswinning yn Grinslân wurdt (terjochte) weromdraaid. Spitich genôch hâldt dat yn dat de gaswinning yn Fryslân blykber tanimme sil. De bewenners sitte der oer yn. Yn Grinslân jildt dat de bewiislêst fan de skea troch gaswinning by it bedriuw (dêr de NAM) leit, net by de bewenners. Yn Fryslân jildt dy ‘omkearing fan de bewiislêst' spitich genôch net. Dêr is yn de Steaten op 26 febrewaris 2020 wol unanym in moasje foar oannaam, mar de omkearing fan de bewiislêst is spitich genôch net foar de rest fan Nederlân yn de wet opnaam. 


Tekst: GrienLinks. Oersetting FNP



Downloads:
Mûnlinge fragen oer gaswinning


Tags: Gas- en saltboarings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer