Waarm wolkom yn Waskemar
Dizze groep minsken meitsje harren al langer soargen oer de ferkearsfeilichheid yn Waskemar en omkriten, Der komme fiersten tefolle grutte frachtweinen troch it doarp hinne riden en dat soarget op ferskillende smelle wegen yn dat doarp foar gefaarlike situaasjes. It is foaral gefaarlik foar fytsers en jeugd op dizze diken, dy net op grutte frachtweinen taret binne.
De FNP Steateleden makken earst in slach troch it doarp hinne yn de auto om de situaasje goed te besjen. Dêrnei waarden we ûntfongen yn de doarpsherberch troch Jan Witteveen en Thea Elzinga fan de kommisje. Under it genot fan in bak kofje leinen se de situaasje út en fertelden oer de histoarje fan it probleem.
Drok ferkear oer in smelle wei
It probleem wie der altyd al in bytsje mar is folle grutter wurden mei it opwurdearjen fan de provinsjale dyk N381 tusken Drachten en Easterwâlde. Dy dyk is fjouwerbaans wurden. It is de bedoeling fan de provinsje dat frachtweinen dy fan Drachten komme en nei Haulerwyk ta moatte dit dogge fia de ôfslach by Easterwâlde. Mar in protte frachtweinen kieze no de koartere rûte (de N917) by de ôfslach tusken Wynjewâld en Donkerbroek en komme dan fia de Leidyk troch Waskemar hinne nei Haulerwyk ta.
Dizze wei is ek in provinsjale wei, wol ôfwurdearre, mar dochs noch wol in provinsjale wei. Dat is dus it grutte probleem. Boppedat sit yn Haulerwyk in grut transportbedriuw en sjauffeurs fan dit bedriuw nimme dus ek faak de koartere rûte troch Waskemar hinne as slûprûte. It doarp en de ynwenners ha dus flink oerlêst fan it flink tanimmende frachtweinferkear.
Ferkearsfeiligens om de skoallen hinne
Der steane ek noch in pear skoallen sa as de basisskoalle en in dependânse fan it Liudger College yn Waskemar, it is dus ek echt gefaarlik foar de lytse jeugd en de jongerein op de fyts. De direksje fan it Liudger College makket him dêr ek soargen oer. Dêrneist hearden we dat der al hûzen binne, dêr‘t skuorren yn komme troch de protte frachtweinen troch it doarp. Dit komt omdat de diken yn Waskemar net berekkene binne op safolle swier frachtferkear.
De kommisje freget oan de provinsje om oplossingen foar it probleem. It probleem is tige dúdlik makke oan de FNP Steatefraksje en we sille hjir dus ek mei oan de slach. Nei de dúdlike útlis fan de kommisje kaam der in ein oan de wurkbesite.
Foto feart: JohanW82 op wikipedia.org