De Steatefraksje fan de FNP is fernuvere oer de konstatearring dat it tafersjoch op it Frysk yn it ûnderwiis de lêste 5 jier ferbettere wêze soe. De fraksje freget him dan ek ôf, wat der yn al dy jierren dêrfoar bard is. Ek de fraachstelling fan it rapport hat neffens de fraksje net goed west. Sijbe Knol: ‘'As jo as provinsje it stribjen ha om de ynspeksje nei Fryslân te heljen soe de fraachstelling wêze moatte, hoe krije jo de ynspeksje nei Fryslân ta en net de winsklikheid dêrfan. At je dêrnei de winsklikheid hikfje by de ynspeksje, it ministearje en in selekt groepke ûnderwiiskoepels dan witte jo de útkomst einliks yn it foar al.'
Taalplan
Op it stuit wurkje tal fan organisaasjes yn Fryslân oan it grutte Taalplan Frysk. Dit plan hat as doel dat binnen 9 jier it Frysk op skoallen op oarder is. Oars sein: om de skoallen yn it Fryske taalgebiet dy't no noch (foar in part of hielendal) in ûntheffing hawwe foar it fak Frysk dêr stap foar stap fan ôf te helpen. En om se úteinlik allegear op nivo te krijen. In mega-operaasje mei in fiere hoarizon mar wol mei konkrete doelen. De Provinsje Fryslân lûkt dêr miljoenen foar út. Lyksa foar oare saken dy't dêr mei anneks binne: de learare-oplieding (foech Frysk), ûntwikkeling (digitale) learmiddels en learlingfolchsysteem foar it Frysk, skoallekoördinatoaren, ûndersyk, lektoraten en learstoelen Frysk ensfh.. De budzjetten foar taal en ûnderwiis hawwe wy dêrta by it sluten fan it bestjoersakkoart yn 2019 mei nochris likernôch 20% ferhege.
Hannelje
Neffens de FNP fraksje is it dan ek saak om dêr it tafersjoch op de skoallen noch oan ta te heakjen. Knol: ‘De tiid dat skoalbern as analfabeet yn harren memmetaal fan skoalle kamen moat foarby wêze. De fraksje wiist op it bestjoersakkoart en de ôfspraak dêryn yn om de ynspeksje nei Fryslân te heljen. Neffens de fraksje moat de lobby mei faasje trochset wurde. Oant dy tiid kinne nije praktyske ôfspraken mei de Underwiisynspeksje foar de koarte termyn fertuten dwaan. Lykas yn kêst 8 fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer mei it Ryk ôfpraat is: ‘De ynspeksje fan it ûnderwiis sjocht struktureel op de kwaliteit fan it taalûnderwiis Frysk ta en stimulearret skoallen, dy't dat nedich hawwe, om de posysje fan it Frysk fuort te sterkjen'. De FNP wol dat dy ôfspraken benammen yn de praktyk tapast wurde en net hingjen bliuwe yn bestjoerlike tasizzingen.
De partij wiist ek op it Frysk as ynstruksjetaal en it Frysk skiednis-ûnderwiis. Dat is ek ûnderdiel fan de ferplichtingen yn it Ramtferdrach foar de beskerming fan Nasjonale Minderheden (2005) en de ferplichtingen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (1998) dêr't Nederlân foar te stean hat. Knol: ‘Wy prate der no al tsientallen jierren oer. It Frysk as skoalfak en ynstruksjetaal lykweardich oan it Nederlânsk, Fryske skiednis en ierdrykskunde. In soad skoallen dogge dat al. Lit de ûnderwiisynspeksje dêr dan ek fierders neffens hannelje.'