NIJS   16-12-2014


De FNP wie, is en bliuwt tsjin mega-wynmûnen op it lân

Ferfanging mûnen keare mei needferoardering

FNP is wie en bliuwt tsjin megawynmunen   

De FNP wol ferfanging fan besteande wynmûnen keare. De FNP wie, is en bliuwt tsjin mega-wynturbines op lân. De partij wol dat it ferfangen fan besteande wynmûnen fanwege winstbejach fuortdalik ophâldt. Neffens de FNP kin dat mei in provinsjale needferoardering. De partij freget deputearre Konst om dêrta in tariedingsbeslút foar PS te meitsjen.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

De FNP wiist der op dat ein oktober yn Flevolân sa'n needferoardering troch de Steaten oannaam is. Rinnende fergunningoanfragen by gemeenten kinne dêrmei dochs noch keard wurde. Der lizze in soad oanfragen fan wynboeren dy't eins allinnich mar profitearje wolle fan rynske subsydzjes fan it Ryk dy't yn 2015 ôfskaft wurde. Dat is net allinnich it fergriemen fan mienskipsjild dat eins foar griene enerzjy bedoeld wie, seit wurdfierder Annigje Toering fan de FNP steatefraksje. It fernijen fan besteande mûnen sit ek  it foarnommen belied fan de Provinsje dwers om aanst safolle mooglik fan dy mûnen op te romjen. Dy nije mûnen passe dan wol yn de romtlike ferskiningsfoarm dy't it bestimmingsplan foarskriuwt kwa ashichte en tiphichte, mar it elektryske opwekkingsfermogen is folle grutter.

 

De ynformaasje oer it beslút yn Flevolân is daliks trochjûn oan deputearre Konst. De FNP fernuveret him der oer dat de Fryske Steaten lykwols sûnt begjin novimber noch neat heard hawwe oer de mooglikheden fan in needferoardering. Der is in soad argewaasje yn de regio oer de ferfanging fan wynmûnen om de subsydzje. De gemeenten kinne it ek net keare salang as de hichte fan de nije mûne en fierdere betingsten yn it bestimmingsplan itselde bliuwe. Allinnich mei in tariedingsbeslút fan de Provinsje dat foarútrint op in nij stranger provinsjaal wynmûnebelied kinne omjouwingsfergunnings foar ferfanging fan net winske mûnen noch keard wurde.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer